Triënnale fan Beetstersweach

Langstme

10–19 09 2021

Sissel Marie Tonn is in Deenske keunstneresse. Sy wennet en wurket yn De Haach. Sissel hat in bachelor yn Film en Media-studies fan de Universiteit fan Kopenhagen. Sy hat in master yn Artistyk Undersyk oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach yn 2015 ôfsletten. Yn 2016 krige hja de Theodora Niemeijer-priis foar opkommende froulike keunstners, wat late ta har earste solotentoanstelling yn het Oog yn it Van Abbemuseum, Eindhoven. Yn 2017 – 2018 wie hja residint oan de Jan van Eyck Academie yn Maastricht. Yn 2019 krige hja de talintûntwikkelingsbeurs fan it Stimuleringsfonds NL. Har wurk is fakenfolle yn Nederlân en ynternasjonaal toand, koartby noch op de Istanbul Design Biënnale (2018), Ballroom Marfa (2018) en it Kikk Festival yn Namen (2019).