Memory Rehearsal
Dizze publikaasje bestiet út de earste goed tweintich siden fan Eleni har yntime meditaasje oer foarâlden, rituelen, queerskiednis, performance, en de poëtyske konstruksje en it op ’e nij foarmjaan fan in argyf. De auteur giet nei Delphi om wer yn ferbining te kommen mei har oerbeppe, Eva Palmer Sikelianos, dy’t yn 1927 mei in groep fan dichters, dûnsers en keunstners de âlde festivals yn Delphi nij libben ynblies.
Leah moete Eleni yn Mexico-Stêd, op de jûn dat Memory Rehearsal publisearre waard (City Lights, 2026). As in útgongspunt foar ús nije rige, freegje wy: Hoe soene it eardere en hjoeddeistige Delphi en it boskige plattelânslânskip om Keunsthûs Syb hinne paad meitsje kinne nei kollektive geografyen en de libbens dy’t dêr libbe waarden en wurde?
Biografy:
Eleni Sikelianos is dichter, skriuwer, wurket gear mei oaren en is “in master yn it mingen fan sjenres.” As learling fan de Naropa dichters, is se in leat oan de beam fan de Outrider-poëzy. Se hâldt har yngeand dwaande mei ekopoëzy, yn har wurk giet se djip yn op urginte soargen oangeande de kwetsberens fan it miljeu en op de libbens fan har foarâlden. Sy hat tsien dichtbondels publisearre (meast resint, Your Kingdom, 2023) en in trilogy fan net te klassifisearjen hybride wurken, soms non-fiksje neamd, soms memoires, soms fiksje: The Book of Jon en You Animal Machine, en, meast resint, Memory Rehearsal (2026). Njonken oar earbetoan, hat se twa National Endowment for the Arts fellowships takend krigen, in Fulbright Artists fellowship en in New York Foundation for the Arts Award yn non-fiksje.