Caz Egelie (1994) makket ynstallaasjes, performances, twadiminsjonale wurken en fideo’s. Dêryn kombinearret er in multydissiplinêre fisuele vokabulêr mei in konseptuele beneiering, dy’t útskaait nei teäter en performativiteit. Troch te ferwizen nei de keunstskiednis en nei oare keunstners, en troch net gongbere wizen fan produksje en presintaasje yn te setten, spilet Caz in pingpongspul mei echt en sabeare, feit en fiksje, reproduksje en ‘de hântekening fan de keunstner’. Troch soksoartige klassifikaasjes te ûntkennen, leveret Caz ynstitúsjonele krityk út ’e posysje wei fan de nar, mei wat jo by eintsjebeslút in ‘ynstitúsjonele grap’ neame kinne soenen.
Jesse Strikwerda (1991) makket ynstallaasjes en skulptueren dêr’t de maakberens fan de werklikheid yn sintraal stiet. It útgongspunt foar dat ûndersyk nei in byld wurdt foarme troch it ûntraffeljen fan de ferskillende lagen fan in konstruearre werklikheid. Konstruksjes wurde omsmiten, optild, weistoppe en toand oan it publyk. Efterkleden wurde foarinoar hongen, as maskearring fan de ûnderlizzende struktuer, en dêrnei troch de keunstner wer opkrige om dyselde struktuer fan in poadium te foarsjen. Eleminten út ’e werklikheid (boumaterialen, feestartikels, fûne foarwerpen) wurden ôfwiksele mei bylden (tekenings, stripeftige eleminten en klaai-objekten), dêr’t in spannend spul troch ûntstiet dêr’t op in boartlike wize pynlik dúdlik yn wurdt dat alles makke én ôfbrutsen wurde kin.