It wurk fan Seán Hannan komt fuort út in net ophâldende nijsgjirrigens nei it ûnsichtbere en it heimsinnige. Op ’e siik nei útlekte dokuminten,tsûgenissen fan kloklieders en komplotteoryen, doarmet Sean Hannan om yn it domein fan kompjûterhackers, politike ynfluensers en opstokelers. De dokumenten dy’t er fynt, tsjinje as boarne foar projekten dêr’t Hannan yn ferkent hoe’t alternative, spekulative ynformaasjeboarnen, lykas nepnijs en amateursjoernalistyk, ús emosjonele tastân beynfloedzje. Syn wurk omearmet de einleaze, net heldere stream oan ynformaasje op it ynternet yn alle kompleksiteit en tizerij en skept dêrtroch in wrâld dêr’t wierheid en fiksje net langer in minne ferhâlding mei-inoar hawwe en dêr’t twivel it altyd wint fan wissichheid.