Triënnale fan Beetstersweach

Langstme

10–19 09 2021

Laurent-David Garnier waard oplaat as skiekundige en parfumeur, wurke as senior parfumeur yn de parfumyndustry en folge dêrnei in master byldzjende keunst oan it Sandberg Instituut in Amsterdam. Sûnt rjochtet er him as parfumeur en as keunstner op it belibjen fan sintugen yn relaasje ta de byldzjende keunst, en benammen op it rûken. Syn wurk wie ûnder oare te sjen yn it Stedelijk Museum Amsterdam, Kunsthalle Bremerhaven (DE), Singapore Peninsular (SG), de Appel, Amsterdam en Ausstellungsraum Klingental, Basel (CH).