Triënnale fan Beetstersweach

Langstme

10–19 09 2021

De Onkruidenier (sûnt 2014) sette út ein as in gearwurking tusken Jonmar van Vlijmen en Ronald Boer. Beide binne sy oplaat as lânskipsarsjitekt én byldzjend keunstner. De Onkruidenier ûndersiket histoaryske, kulturele en potinsjele transformaasjes fan de natuer en har mooglikheden om de minske te evoluearjen. Earder wie harren wurk ûnder oare te sjen op ferskate plakken yn Nederlân en dêrbûten (wêrûnder Oerol, Nieuwe Instituut Rotterdam en it Ruimtekoers Festival). Yn 2019 hat Rosanne van Wijk har by it team fan de Onkruidenier oansletten. Rosanne van Wijk (1994, NL) studearre yn 2016 cum laude ôf oan de BA Fashion Design fan de hogeschool voor de kunsten Arnhem (ArtEZ) en folbrocht har residinsje oan de Jan van Eyck Academie yn Maastricht yn 2018. Dêr kaam hja mei Ronald Boer en Jonmar van Vlijmen yn ’e kunde en ûntstie harren gearwurking.