Yn har projekt Spectra docht Anna Hoetjes histoarysk ûndersyk nei in tal markante froulike astronomen dy’t oan ’e ein fan de 19de iuw in krúsjale rol spile hawwe yn de ûntjouwing fan de spektroskopy. Dat is in technyk dêr’t it ljocht út it hielal by opbrutsen wurdt en mei help fan it kleurespektrum de gemyske substânsje fan de ljochtboarne analysearre wurdt. Sy wol yn petear gean mei froulike saakkundigen út it fjild en sa in fiktive wrâld foarmjaan, dêr’t de froulike astronomen út it ferline yn ôfreizge binne nei fiere ekso-planeten. Dêrwei stjoere hja ljochtsinjnalen nei de avansearre romtefeartapparatuer fan hjoed-de-dei.
Anna Hoetjes is byldzjend keunstneresse en filmmakster. Har wurk lûkt parallellen tusken filmskiednis út it begjin fan de 20e iuw en technologyske ûntjouwings hjoed-de-dei. Sy is ynteressearre yn de wize wêrop’t minsken sjogge en sjoen wurde yn in technologysk mediearre wrâld. Hoe beynfloedet it ferline hoe’t wy hjoed-de-dei nei ússels en technology sjogge? Hoetjes ûndersiket dy fragen yn performances, koarte fiksjefilms, fideo-ynstallaasjes en lêzings. Sa spint hja in web fan assosjaasjes tusken wittenskip, skiednis en fantasij. In ‘web’ dêr’t de rol fan de frou foar har hieltyd wichtiger yn oan it wurden is.