Unpacking the House: The Library

‘Húshimmelje’ is in Frysk wurd dat ferwiist nei de rituelen fan it himmeljen en wer in plak jaan fan dingen yn ’e hûs. It útpakken fan doazen, it reorganisearjen fan it sûterrên of it opromjen fan ’e keuken foar’t der gasten komme. It freget fan dy datst neitinkst oer it ferline en ek oer in mooglike takomst. Mar wat as it hûs, yn stee fan de wenning fan ien húshâlding, in spegel wie fan de libbens dy’t deryn libbe wurde? Wat as minsken huzen wiene? Wat as ynstitúsjes en sels lannen huzen wiene? Wat soe op ’e keukenstafels lizze? Wat soe ferburgen wêze yn’e sûterrêns? En watfoar maatskiplike en politike transformaasje soe fuortkomme út de deistige feroaringen yn libbens fan hjoed-de-dei likegoed as fan dy yn it ferline?

Unpacking the House: The Library is in romte dêr’t sokke rituelen en de yntimiteit dy’t se ynhawwe op ’e nij foarmjûn wurde, troch stadich te sammeljen en opdrachten te jaan foar it skriuwen fan nije teksten op it snijflak fan keunst en literatuer. As ûnderdiel fan Keunsthûs Sybs programma binne skriuwers fan ferskillende generaasjes útnûge. om dizze fragen lûdop te tinken – om út te pakken en troch dit útpakken in kollektive biblioteek te bouwen.

De teksten binne ûntwikkele yn gearwurking mei redakteur Leah Whitman-Salkin en ûntwerper Sabo Day. Nije teksten wurde mei tuskenskoften trijetalich publisearre yn it Ingelsk, Nederlânsk en Frysk. Se wurde fergees oanbean as pdf’en, om se breed tagonklik te meitsjen en it hast fergetten feuilleton-format fan fersprieding yn rigen op’e nij foarm te jaan.

Mei bydragen fan: Anne-Goaitske Breteler, Claire Fontaine, Brontez Purnell, Robert Glück,
Eleni Sikelianos, Simon(e) van Saarloos