Family Album - Group Exhibition
Ulises Carrión, Sara Sejin Chang (Sara van der Heide), Robert Glück, Hervé Guibert, Tirdad Hashemi, Hetty Huisman, Peter Hujar, Bastienne Kramer, Matthew Lutz-Kinoy, Ugo Rondinone, Mikołaj Sobczak.
17 10 2026 – 16 01 2027
Kunsthuis Syb is bliid Family Album te presintearjen, in groepstentoanstelling mei histoarysk en resint makke wurk fan Ulises Carrión, Sara Sejin Chang (Sara van der Heide), Robert Glück, Hervé Guibert, Tirdad Hashemi, Hetty Huisman, Peter Hujar, Bastienne Kramer, Matthew Lutz-Kinoy, Ugo Rondinone en Mikołaj Sobczak.
De tentoanstelling ûndersiket hoe’t in húslike sfear foarsteld wurde kin binnen in breder spektrum fan relaasjes. De wurken presintearje in konstellaasje fan freonen, leafsten, famyljeleden en geasten, dy’t bannen en rituelen foarmje dy’t fierder rikke as tradisjonele gesinsstruktueren.
It begryp ‘famyljegelikenis’ (Familienähnlichkeit) fan de filosoof Ludwig Wittgenstein foarmet in útgongspunt om wurken byinoar te bringen dy’t gjin inkele essinsjele eigenskip mienskiplik hawwe, mar earder in rige oerlaapjende oerienkomsten. “Want ast nei harren sjochst, silst net wat sjen dat se allegear mienskiplik hawwe, mar oerienkomsten, relaasjes.”
Wat is in famylje-album eins? Wat datst op solder fynst, mei in swymke cottagecore-estetyk – in soarte retro guilty pleasure. Yn de tentoanstelling by Syb wurdt it opboud út mominten fan blidens, ûnhandige glimkes, iensume kuiers en personaazjes dy’t skerp of ûnskerp yn byld binne. Sa sjogge wy ûnder mear: in jonge keunstner en skriuwer dy’t yn 1980 yn Parys de libbens fan syn âldtantes opsiket en dokumintearret (Hervé Guibert); in konseptueel keramist dy’t yn 1974 in artistyk diner organisearret foar kollega-keunstner Ulises Carrión (Hetty Huisman); in weromlutsen keunstner dy’t in besite bringt oan in mienskiplike tún , beselskippe fan planten en har hûn (Sara Sejin Chang (Sara van der Heide)); in keunstner dy’t him syn heiteleaze mennonityske genealogy yn Fryslân foarstelt (Mikołaj Sobczak); en in lyts stikje bôle om te dielen yn in takomst dy’t noch komme moat (Ugo Rondinone).
Family Album presintearret foto’s, tekeningen, keramyk, tekstyl, fideo en skilderijen fan yntime mominten fan ferbining, ferspraat oer meardere desennia, as meitsje se diel út fan in fiktive genealogy. Mei-inoar wolle de keunstwurken de fertroude byldtaal fan it famylje-album útwreidzje.
Publyksprogramma
Sneon 17 oktober 2026, 15.00–18.00 oere — Offisjele iepening
Family Album, mei in foardracht fan Robert Glück
Sneon 14 novimber 2026, 14.00 oere
Rûnlieding troch de tentoanstelling yn it Frysk
Sneon 28 novimber 2026, 12.00–18.00 oere
In deifullend programma rûnom Hetty Huisman en Ulises Carrión yn Amsterdam en it Anna Blaman Hûs yn Ljouwert, ynklusyf in lunsj en in kuratorrûnlieding troch de tentoanstelling
Sneon 16 jannewaris 2027, 14.00 oere — Finissaazje
Ofsluting mei in spesjale presintaasje oer it libben en wurk fan Hervé Guibert