tige tank 🎄

Tankjewol foar dyn stipe en bekutsenens en wy winskje dy noflike feestdagen en in goed en sûn 2021!

We sjogge tebek op in jier wêryn’t ús gastkeunstners nettsjinsteande de drege omstannichheden dochs folop gebrûk makke hawwe fan harren ferbliuw yn ús residinsje. Lês, harkje en besjoch hjirre de bydragen dy’t SYB Circles oer dy projekten makke.

Wy krigen spitigernôch ek teloarstellend nijs yn septimber – in soad fan ús plannen foar de kommende jierren kinne dêrtroch net trochgean. We geane in lêstich en tige fersobere jier temjitte, mar kinne de keunstners dy’t wy selektearre hawwe foar 2021 wol ûntfange, mei troch de strukturele stipe fan de Provinsje Fryslân.