1 May o/m 12 June 2016

THE ELEMENTAL THAT FACES

Residency Jason Hendrik Hansma

jason-hendrik-hansma_2

Foar dy, op ‘e grûn, leit in ding. Foar my, op ‘e grûn, leit itselde ding. Wy sjogge, fiele en tinke ferskillend as wy nei dat ding sjogge, mar wy binne it deroer iens dat it dêr leit: yn en foar himsels. Yn de ynteraksje mei dat ding dat foar ús fuotten leit, ûntdekke wy […]

28 March o/m 30 April 2016

INTERNATIONAL VILLAGE SHOP BEETSTERZWAAG

Residency Wapke Feenstra

dsc_8481klein

Beetstersweach yn de International Village Shop yn Keunsthûs SYB. Wat soesto graach meinimme wolle út Fryslân asto op besite giest by in boerehúshâlding yn, sis mar ris wat: Vladivostok? Fryske Dúmkes! Ja dy binne bysûnder, mar dy ferpakking is sa âldfrinzich! Is der net wat hippers? Faaks wat Frysk dat better by wodka past? Hoe […]

10 o/m 14 February 2016

mano y mano

Tentoonstelling Art Rotterdam Intersections 2016

atcsintersctions

Op de keunstbeurs wurdt net hantsjebakt oer de priis fan in keunstwurk. Wat jo al sjogge binne hannen dy’t mei ynmoed fûstkje, hannen dy’t skouderklopkes jouwe en hannen dy’t achteleas delflijd wurde op in skouder by it tútsjen. En hiel inkeldris kinne jo hannen betraapje op it stevich fûstkjen om de keap te bekrêftigjen. De […]

19 December 2015 o/m 30 January 2016

THE REGISTRY OF PSEUDONYMS

Residency Riet Wijnen

afb1

“Onlangs bereikte mij langs omwegen het bericht dat de heer John Ravenswood, wonende op het eiland Quelpart, was overleden.” skriuwt J.J. Slauerhoff yn it foaropwurd fan Ravenswood syn dichtbondel Oost-Azië. De auteur, giet Slauerhoff fierder, desertearre fan in walfiskfarder en kaam telâne op in eilân yn de Strjitte fan Korea. Bang om syn ferbliuwplak priis […]

26 October o/m 5 December 2015

GRINNING MACHINES and a CLOSEMOUTHED GROWL

Residency Toon Fibbe, Laura Wiedijk

img60

Yn it parallelle, digitale universum dat it ynternet is, bestiet in subkultuer fan minsken dy’t har yn har djipste ynderlik gjin minske fiele, mar bist of mytysk wêzen. Sy drage de siel fan bygelyks in wolf, in foks, in kat, in elf, in fampier, in ingel of in demon en komme benammen gear op ynternetfora. […]

10 o/m 13 September 2015

SFEAR FAN YNSET

de 1e Triënnale van Beetsterzwaag

sfy-public

Keunsthûs SYB presentearret yn ‘e neisimmer de earste edysje fan in om de trije jier weromkommend festival foar byldzjende keunst: de Triënnale fan Beetstersweach. Op tsien histoaryske lokaasjes kinne jo fjouwer dagen lang sjen nei keunst, live performances, meidwaan oan aktiviteiten, harkje nei lêzingen en muzyk, keunstners moetsje, kuierje, en fansels lekker ite en drinke, […]

3 August o/m 13 September 2015

FESTIVAL OF SPORTS

Residency Rieke Vos, Kasper Jacobs, Ilke Gers, Frank Koolen, Eric Giraudet de Boudemange

eric-fierljeppen

No’t de ein fan july yn ’t sicht komt, komt de toergekte sa njonkenlytsen op har hichtepunt. Sponsors, dopingplysje, de sport(fyts)parse en poadiumfamkes komme machtich as de miggen op de swittende hurdfytsers ôf. Op ’e hakken folge troch de taskôgers. Sport ferieniget. Mar troch de fiergeande professionalisearring, kommersialisearring en mondalisearring fan grutte eveneminten lykas de […]

28 o/m 28 June 2015

NO SOLID GROUND

Recensie door Anne Marijn Voorhorst

CROSS SECTION OF A LANDSCAPE #2 – Yeb Wiersma & Miek Zwamborn Yn koarte broek krije wy de fuotten omheech. Seeklaai bliuwt ús oan ‘e skonken plakken, fan ‘e fuotten oant oan ‘e kûten. Ik hear ien praten, de wyn op ‘t Waad hat alle romte en swypket by de earen lâns. Nearne earder sa’n […]

15 May o/m 20 June 2015

AS THE LAKE SAID TO THE BOAT

Sjoerd Westbroek, Frans-Willem Korsten, Edward Clydesdale Thomson

as-the-lake-said-to-the-boat

Old Man [the sun] showed them the roots and the berries, and showed how to gather these, and certain times of the year they should peel the bark of some trees and eat it… (Grinell, G.B. 1913. Blackfeet Indian stories. C. Scribner’s Sons, New York.). De binnenkant fan de bast fan nuddelbeammen wie iuwenlang in […]

26 March o/m 7 May 2015

DE FAMILIE KOOL

Residency Pieter Paul Pothoven

Orchidee uit de kas van Wim Kool. Wageningen. September 1981, Fotoarchief Familie Kool Orchidee uit de kas van Wim Kool. Wageningen. September 1981, Fotoarchief Familie Kool

Tink oan it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Hoefolle fan de bylden dy’t no yn dy opkomme, komme net út in Nederlânske film of út in tentoanstelling dy’tst ea sjoen hast yn ien fan de 25 nasjonale oarlochs- en fersetsmusea? In hiele generaasje is opgroeid mei bylden fan de oarloch en it ferset dy’t min […]

9 o/m 22 March 2015

KUHNTRADICTIONS

Academie Minerva

imagesprojectenMinerva_in_SYBclootcrans-h_1.jpg

Iepening: vrijdag 13 maart, 20:00 oere Eksposysje: 14-22 maart, 13:00-17:00 oere Foar it projekt Kuhntradictions, in oparbeidzjen mei Akademy Minerva, feroaret Keunsthûs SYB yn in laboratoarium fan tinseksperiminten en ûndersykje de studinten hoe’t abstrakte/konseptuele saken as startpunt tsjinje kinne foar it meitsjen fan wurk. Stel dat jo in kat yn in doaze stopje, jo dogge […]

15 November 2014 o/m 6 January 2015

AS DE TASKÔGER WURKET, SKÔGET DE WURKER TA – IT BEGJIN IS IT LÊSTE PART DAT MAKKE WURDE MOAT

Residency Marianna Liosi, Alessandra Saviotti

syb-photo-002_edited-1_detail_web

YN GEARWURKING MEI MARCEL DICKHAGE EN CATHLEEN SCHUSTER EINPRESINTAASJE: 20 DESIMBER It sinemamuseum yn Lyon is ûnderbrocht yn de âlde filmfabryk fan de bruorren Lumière, it DIA: Beacon yn New York hat in plakje yn in gebou dêr’t de etiketten foar koeketrompen printe waarden, WIELS sit yn in eardere bouwerij (brouwerij?) yn Brussel en Keunsthûs […]

10 October o/m 13 November 2014

DE PARADOKS FAN LOAIENS

Recensie door Vincent van Velsen

video-in-progress-yelle-historian-interview

Wat sil der barre as jo twa keunstners byinoar bringe dy’t harren dwaande hâlde mei it snijflak tusken keunst en libben? Rumiko Hagiwara en Mounira al Solh ûndersochten yn de perioade fan harren residinsje de hjoeddeistige betsjutting fan loaiens. Sy bestudearren teksten oer dat ûnderwerp, sochten om wizen fan loaiwêzen en praten mei in protte […]

10 October o/m 13 November 2014

IN PRAISE OF LAZINESS

Residency Rumiko Hagiwara, Mounira Al Solh

press02_web

“Seis dagen sille jo arbeidzje en al jo wurk dwaan.” Sa stiet it skreaun yn de tsien geboaden. Arbeidsetos ûndersskiedt de goeden van de omstippers, de pierewaaiers, de Taugenichts, de keunstners. “(…)Ik bin der grutsk op dat ik de loaiens fierd haw yn ‘e keunst.” skreau Marcel Duchamp, dêr’t er him fuort mei ôfsette tsjin […]

27 August o/m 8 October 2014

IT KOMMEN EN GEAN FAN IN ÔFKAPPE BEAMBLÊD

Recensie door Anne van Leeuwen

IMG_0661

Alle planten hawwe in eigen lûd. In skuorrend blêd gnjirret jin tusken de fingers: it sêfte kreakjen fan de nerven, ôfwiksele mei it iepenspringen fan de fleizige selluloaze, jout in karakteristyk, suver noflik lûd. De mutilaasje fan planten is foar ús in feit. It is ûnderdiel fan in konstruksjeproses troch ferneatiging dat oan ‘e basis […]

27 August o/m 8 October 2014

DJIP YN IT OERWALD

Sara Bjarland, Christine Bax, Alexandra Duvekot

blad2w

EINPRESINTAASJE 5 oktober 2014, 15.00 – 18.00 oere Kunsthuis SYB, Hoofdstraat 70, Beetstersweach Hja koene elkoar net, mar waarden troch Keunsthûs Syb yn Beetstersweach útnoege om tegearre te wurkje. Sara Bjarland en Alexandra Duvekot makken yn de ôfrûne wiken yn Syb in searje keunstwurken om it tema ‘jungle’. Sy lieten him dêrby ynspirearjen troch in […]