18 July 2017

Iepen Mienskip, almende en de Oera Linda

de Twadde Triënnale fan Beetstersweach

NIEK_JULIA_BW

Yn maart fan dit jier nûge Keunsthûs SYB kurators en keunstners út om in útstel yn te stjoeren foar de kommende Triënnale fan Beetstersweach yn 2018. Nei Sfear fan Ynset (2015) http://kunsthuissyb.nl/?p=1562 is it de twadde kear dat SYB in meardaachs programma organisearret út in tentoanstellingskonsept wei dat sterk ferbûn is mei de omkriten fan it Keunsthûs en gebrûk makket fan it rike keunstnersbestân dat SYB yn ’e rin fan ’e jierren opboud hat.

Takom jier sil de triënnale ûnderdiel wêze fan it haadprogramma fan Ljouwert – Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 http://www.2018.nl/nl dêr’t it begryp “iepen mienskip” sintraal yn stiet.

Út it grutte oantal útstellen dat Keunsthûs SYB ynkrige, hat de programmearringskommisje keazen foar it konsept fan Julia Geerlings en Niekolaas Johannes Lekkerkerk, twa jonge kurators dy’t foar de Twadde Triënnale fan Beetstersweach in gearwurkingsferbân oangean sille. Yn harren útstel ferbine Geerlings en Lekkerkerk it tema “iepen mienskip” mei it oerâlde begryp fan de “alminde”, in begryp dat weromgiet oant de midsiuwen en tsjut op in mienskiplik oandiel fan de mienskip yn ûnbeboude, ûnferparte greiden, bosken en fiskwetters. Geerlings en Lekkerkerk wolle de aan fan de alminde weryntrodusearje en brûke it begryp as oanlieding om op ’e nij nei te tinken oer de dielde ferantwurdlikens en belangen dy’t anneks binne mei it mienskiplik brûken fan it lân, it lânskip en de publike romte.

Njonken de reële, etyske en morele fraachstikken om in dielde ferantwurdelikheid hinne, ferbûn oan it begryp alminde, meitsje Geerlings en Lekkerkerk gebrûk fan in mear spekulative tinkromte dêr’t frijút yn eksperimintearre wurde kin mei ferskillende ferhalen en senario’s oangeande de ûntsteansskiednis fan it minskdom en de rol fan natuerlike prosessen yn de ûntjouwing fan in beskaving. It begjinpunt is it Oera Linda-boek (OLB), in sabeare kronyk út 1256 dy’t ein 19de iuw efkes gâns opskuor joech, mar algau ûntmaskere waard as in 19de-iuwsk besykjen ta skiednisferfalsking, ferpakt yn de foarm fan in iuwenâld pseudoruneskrift. It OLB ferûnderstelt it bestean fan in Aldfrysk manuskript oer it ûntstean fan de wrâld en de ûntjouwing fan de minsklike beskaving. It Fryske folk wurdt foarsteld as neiteam fan in 4000 jier âlde Fryske beskaving dy’t ea hiel Europa befolke hat en superieur wie oan alle oare folken, mar hieltyd fierder yn ferfal rekke nei de needlottige oerstreaming fan Atlantis (‘Atland’). Mytology, memmerjocht, nasjonalisme en natuerrampen rinne as in reade tried troch it Oera Linda-boek en biede hieltyd op ’e nij oanknopingspunten om nei te tinken en te spekulearjen oer it gebûk en de ynrjochting fan de mienskiplike romte.

Foar de ynhâldlike foarmjouwing fan de Twadde Triënnale fan Beetstersweach sille Julia Geerlings en Niekolaas Johannes Lekkerkerk yn de kommende moannen gearwurkje mei keunstners dy’t wurkje út in besef wei fan it ferfrissele wêzen fan natuer en kultuer en har rjochtsje op it ûntwikkeljen fan alternative mienskipsfoarmen.

Julia Geerlings (1985) is ûnôfhinklik kurator en skriuwer en wennet en wurket yn Amsterdam en Parys. Sy studearre keunstskiednis oan de Freie Universität yn Berlyn en de Vrije Universiteit Amsterdam (MA). Geerlings draacht geregeld by oan tydskriften en publikaasjes en wie gastredakteur fan Metropolis M (‘No Longer art’ issue 2015 no.3). Yn de tentoanstellingen dêr’t Geerlings kurator fan is, spylje lokaasje en kontekst (sawol sosjaal, ekonomysk as polityk) in wichtige rol.

Geerlings wurke mei oan it ta stân kommen fan tentoanstellingen en performances yn de Oude Kerk yn Amsterdam (Nachtelijke Dwalingen 2013 – 2016), Le Moinsun yn Parys (Axis Mundi, art as a healing tool, 2015), After Hours yn Sèvres (L’Eau à la bouche, 2015), Kunstfort by Vijfhuizen (The Prophecy of Bees en Bedazzle, 2016) en twa op inoar folgjende eineksamententoanstellingen fan grafyske ûntwerpen oan de HKU yn Utert (2016/2017). Dêrnjonken wie hja as curator-in-residence ferbûn oan Rupert yn Vilnius, Across residency program yn Nice en The International Studio and Curatorial Program (ISCP) yn New York. Geerlings wurke û.o. as gastdosint oan de HKU en sit yn de kuratoareploech foar de oankommende keunstmanifestaasje (Modus Operandi 2017) yn Nikosia (Syprus) en is op dit stuit ferbûn oan it Mains d’Œuvres yn Saint-Ouen (Frankryk) as curator-in-residence. http://juliageerlings.com/

Niekolaas Johannes Lekkerkerk (1988) wurket as ûnôfhinklik kurator en skriuwer foar The Office for Curating yn Rotterdam. Hy studearre keunstskiednis oan de Universiteit fan Utert en ferfolge it masterprogramma Curating the Contemporary oan de London Metropolitan University yn gearwurking mei de Whitechapel Gallery. Sintraal yn it wurk fan Lekkerkerk stiet it sosjale en politike diskusje oer de deistige praktyk fan libjen en wurkjen, kulturele noarms en ideologyen. Dêrby rjochtet er him benammen op debatten oangeande it Antroposeen (it tiidrek mei minsklike aktiviteit as mondiaal stimpel op it ekosysteem en de geology), ekology en klimaat, posthumanisme en de ferfrisselingen fan natuer en kultuer.

Resinte projekten en tentoanstellingen gearstald en organisearre troch The Office for Curating binne de duo-tentoanstelling Homestead of Dilution (2017) mei Domenico Mangano en Marieke van Rooy yn Nomas, Rome; de groepstentoanstelling Tradition Doesn’t Graduate (2016) yn Komplot, Brussel; de groepstentoanstelling Spending Quality Time With My Quantified Self (2016) yn TENT, Rotterdam, en de solotentoanstelling fan Paul Geelen Sliding under Traces (2016) yn A Tale of a Tub yn Rotterdam.
Lekkerkerk wurket op dit stuit as artistyk direkteur fan de keunstmanifestaasje Poppositions yn Brussel en leit dêrnjonken de lêste hân oan The Standard Book of Noun-Verb Exhibition Grammar, in publikaasje oer de tentoanstelling as ekologysk fjild. In 2012 krige er de inaugurele Demergon Curatorial Award en yn 2014 wie er de begeunstige fan de Akbank Sanat International Curator Competition. http://theofficeforcurating.com/