8 January o/m 20 February 2017

The Concrete: The Mountain

Residency Müge Yilmaz

_mg_0696-w

The Concrete: The Mountain”

In ghillie suit is in type kamûflaazjepak dat bedutsen is mei in wielderich bistefelvacht. It is ûntwurpen om de drager folslein opgean te litten yn syn omjouwing by de jacht of yn in oarlochssituaasje. De bêste ghillies binne mei de hân makke fan natuerlike materialen: blêden, twiichjes en moas foar in boskrike krite of gerzen foar op de savanne. Ghillie suits binne weromkommende motiven yn it wurk fan Müge Yilmaz: se ferbyldzje in floeiend grinsgebiet dêr’t de moderne, fan de natuer ferfrjemde minske wer efkes yn liket gear te fallen mei syn oerfoarm.

It ûndersyk fan Müge Yilmaz rjochtet him op it Antroposeen: it tiidrek wêryn’t minsklike aktiviteit mondiaal syn stimpel begjint te drukken op it ekosysteem en de geology. It begjin fan it Antroposeen falt gear mei de ein fan it Holoseen; it is it momint dat de ûntjouwing fan it minsklike sosjale libben in sydpaad opgiet en de minske him ûntlûkt oan in holistyske wrâld. Müge Yilmaz besjocht de oergong fan Holoseen nei Antroposeen út it domein wei fan de minsklike emoasje. Yn har wurk siket hja nei “trigger points” – yn de foarm fan fisuele manifestaasjes fan de natuer en de technology – dy’t ûnbewuste minsklike reaksjes, refleksen, ynstinkten en emoasjes oproppe.

Foar Müge Yilmaz is de artistike praktyk in metoade om in djipgeand gefoel fan ferbûnens te kreëarjen as betingst foar politike feroaring. By har ferbliuw yn Keunsthûs SYB rjochtet Yilmaz har op de oanstriid fan de moderne minske om oer ’e mjitte ynteressearre te wêzen yn himsels en freget hja har ôf oft en hoe’t dat narsisme bestriden wurde kin troch in beskate foarm fan solidariteit en atavisme (in weromkommen fan primitive eigenskippen dêr’t wy fan tochten dat se wei wienen). Yn har wurkperioade wol hja ûndersykje oft dat proses oanfjurre wurde kin yn in rituele praktyk d’t derop rjochte is om it minsklik bewustwêzen werom te lieden nei in oerâlde modus fan waarnimme en belibje; in net strukturearre foarm fan spiritualiteit.

Yn de earste wiken fan har ferbliuw yn Beetstersweach wurket Müge Yilmaz oan in rige fan proposysjes. Yn it twadde part sil hja in ploech fan performers yn ghillie suits hise en dy opstelle yn ’e bosk fan Beetstersweach as in tableau vivant. Yn ferskillende konfiguraasjes spilet de groep mei posysjes, ynteraksjes en lêzings fan Yilmaz har proposysjes as soe it in manifest wêze. De reakajes, gefoelens en opinys fan de performers binne foar in grut part beskiedend foar it ferrin fan it kreative proses en it úteinlike resultaat dat yn Keunsthûs SYB presintearre wurde sil op 18 februari.

Müge Yilmaz (Istanbul, 1985) studearre oan it Istituto Superiore per le Industrie Artistiche yn Rome en hold fan 2013 oant 2014 oan de Ryksakademy yn Amsterdam ta. Har wurken en performances wienen koartlyn te sjen op de alfde Biënale fan Shanghai, SMAK Gent en yn Museum Het Valkhof yn Nijmegen.