Weromsjen op 2024
No’t de ein fan it jier tichterby komt, wolle we graach efkes weromsjen op dit bysûndere en ynspirearjende jier. By Keunsthûs SYB binne wy tige tankber dat wy in jier fol artistike diskusjes, eveneminten en ynspirearjende gearwurkings organisearje kinnen hawwe. Yn 2024 hat Keunsthûs SYB fjouwer residinsjes ferwolkomme: Antonio de la Hera & Honey Jones-Hughes, Pilar Mata Dupont en Erika Roux, bas van den hurk & Reinout Scholten van Aschat & Jochem van Laarhoven, en Jens Huls. Dit jier binne de doarren fan SYB ek iepene foar sawol bekende gesichten as nije lûden by It hûs is net ien, de fjirde Triënnale fan Beetstersweach. Dat bysûndere evenemint joech weromkommende artists-in-residence en nije keunstners in platform om harren wurk op ’e Sweach sjen te litten.
Tank oan eltsenien dy’t ús dit jier besocht hat, mar ek genoaten, sjoen, stipe, engazjearre, reflektearre, gearwurke, oan- en opmoedige!
Wy winskjen jo in geweldich útein fan ’t jier en hoopje jo yn 2025 wer ferwolkomje te meie yn Beetstersweach.
Team Keunsthûs SYB
Dit is yn seleksje fan ús aktiviteiten Foto: Lavinia Xausa (1) en Sjoerd Knol (4, 5, en 6).