14 September 2024
Film “David” fan Nina Yuen
Iepen Monumintedei
Op Iepen Monumintedei, sneon 14 septimber 2024, presintearret Keunsthûs SYB in koarte film fan keunstner Nina Yuen, dy’t yn 2010 te gast wie by SYB foar in residinsje.
Keunsthûs SYB “It hûs mei de earn”
Adres: Haadstrjitte 70, Beetstersweach
Iepeningstiden: 11:00 – 17:00
Wa is David? Hoewol’t syn identiteit fiktyf bliuwt, ferskynt syn leafste – spile troch Nina Yuen – op it skerm. Yuen is te sjen wylst se dwaande is mei it opsizzen fan spreuken en sekuer rituelen neifolget yn ’e hope om him werom te winnen; fan it opsieren fan apels mei rûgeltsjes en snobbersguod oant it yn bûsdoeken wuoljen fan flessen jenever. De fideo sit fol mei in protte byleauwe, dy’t Yuen op it skerm nei foarren bringt yn kleurige en boartlike jurken. Tsjin de eftergrûn fan in lytse, feilige wrâld fan retro-estetyk (mei in ferwizing nei in styl dy’t bewust weromgrypt nei it ferline) sprekt Yuen floeiende en betsjoenende mantra’s út dy’t de bylden mei-inoar ferbine en de taskôger belûkt by in skynber yntym petear. It resultaat is in hypnotisearjende rige dêr’t leafde, skientme en byleauwe byinoarkomme.
Oer de keunstner
Nina Yuen (1981, Hawaii) is performance- en fideokeunstner. In 2010 húsmanne se yn Keunsthûs SYB. Yn de perioade fan har ferbliuw yn SYB konsintrearre se har op de deistige moarnshannelingen fan har freonen en kunde. Hokfoar persoanlike rituelen jouwe ynfolling oan dat momint fan de dei? David is in fuortsetting fan it ûndersyk dêr’t Yuen mei úteinsette yn de residinsje yn SYB.
Yuen behelle in MFA oan it Bard College en in BA oan de Universiteit fan Harvard, en hat meidien oan in grut tal tentoanstellingen rûnom op ‘e wrâld, lykas yn The Eye te Amsterdam; Jane Lombard Projects yn New York; Museum Stenersen yn Oslo; it New Media Festival, Seoul; de International Biennale for Young Art, Moskou; it Rotterdam Film Festival; Kino Lab, Warschau; Kassel Documentary Festival, Dútslân; OK Video Festival, Jakarta; en it Images Film Festival, Toronto.
Lês hjir mear oer Yuen’s 2010-residinsje.