3 May 2024
part 54 or: reel real pul, and this part is no longer ly handy here
Presintaasje
Keunsthûs SYB nûget jo fan herten út foar part 54 or: reel real pul, and this part is no longer ly handy here, in presintaasje as ôfsluting fan de residinsje fan keunstners Reinout Scholten van Aschat, bas van den hurk en Jochem Laarhoven, op freed 3 maaie 2024 om 18.00 oere.
De keunstners wurken by SYB yn ‘e geast fan Dada’s multydissiplinêre aard, en dêrby reynterpretearren se de sipel bûten syn letterlike betsjutting. Ynspiraasje hellen se út it gedicht “De Ui” (1919) fan Kurt Schwitters en it artikel “Dadaisme in Nederland” (1923) yn it tydskrift Merz.
Op de presintaasjejûn by SYB sille Scholten van Aschat, van den Hurk en Laarhoven harren ûndersyk diele mei it publyk. Direkteur Arnisa Zeqo praat mei de keunstners oer de eksperimintele fjildtochten yn Beetstersweach en omkriten.
We sjogge dernei út jo te ferwolkomjen by SYB op freed 3 maaie!
Programma
18:00 Ynrin
18.15 Presintaasje audio-kollaazje en Fraach&Antwurd
19:15 Ofslutende drankjes mei sipelsjampanje en selsmakke vegane sipeltsiis
20:00 Ein
Oer de residinsje
Yn Keunsthûs SYB wurken Reinout Scholten van Aschat, bas van den hurk en Jochem Laarhoven oan harren ûndersyk part 54 or: reel real pul, and this part is no longer ly handy here.
Harren ûndersyk by SYB sette útein mei guon histoaryske eleminten fan it Dada-erfgoed yn Fryslân. De avant-gardebeweging Dada begûn yn de Earste Wrâldoarloch mei optredens en fersteurings dy’t ûnsin, yrrasjonaliteit en antykapitalisme omfetsje. Yn 1923 organisearren ûnder oaren Kurt Schwitters, Theo en Nelly van Doesburg en de bruorren Rinsema in rige Dada-kampanjes, in rige dadaïstyske foarstellings, yn Drachten (deunby De Sweach). Dat wienen sawat de lêste offisjele Dada-foarstellings.
Reinout, bas en Jochem hawwe mei harren gearwurking in mienskiplike fassinaasje ûntwikkele foar de sipel. Se sjogge de sipel as in net-minsklike protagonist fan har aventoeren yn Beetstersweach en omkriten. Wat foar ferhaal kinne jo oer de sipel fertelle dat de sipel sels te boppe giet? Binne der faaks politike dimensjes?
De residinsje by SYB hat letterlik en figuerlik de foarm krige fan in ‘fjildtocht’ dêr’t ferskate minsken en dissiplines by oanstutsen. De keunstners feroaren de materialen dy’t se yn dat ferbân sammelen yn kollaazjes fan muzyk, teksten, skilderijen, tsiis en sjampanje.