2 April o/m 12 May 2024
bas van den hurk, Reinout Scholten van Aschat en Jochem Laarhoven: part 54 or: reel real pul, and this part is no longer ly handy here
Residinsje
Keunsthûs SYB ferwolkommet de trije keunstners Reinout Scholten van Aschat, bas van den hurk en Jochem Laarhoven foar in ûndersyksresidinsje fan 2 april oant en mei 12 maaie 2024 mei de titel part 54 or: reel real pul, and this part is no longer ly handy here.
Harren ûndersyk by SYB hat in stikmannich histoaryske eleminten fan it Dada-erfgoed yn Fryslân ta útgongspunt. De avant-gardebeweging Dada begûn yn de Earste Wrâldoarloch mei performances en fersteurings dy’t ûnsin, yrrasjonaliteit en anty-kapitalisme omearmen. Yn 1923 organisearren û.o. Kurt Schwitters, Theo en Nelly van Doesburg en de bruorren Rinsema in oantal Dada-fjildtochten, in rige fan dadaïstyske foarstellings, yn Drachten (fuortby Beetstersweach). Dat wie ien fan de lêste offisjele Dada-optredens.
De keunstners wurkje by SYB yn de geast fan it multydissiplinêre karakter fan Dada. Se litte har ynspirearje troch it gedicht The Onion (1919) fan Kurt Schwitters en it artikel Dadaismus in Holland yn Merz Magazine út 1923.
Yn it gearwurkingsferbân hawwe bas, Reinout en Jochem in mienskiplike fassinaasje ûntwikkele foar de sipel. Sy sjogge de sipel as in net-minsklike protagonist fan harren avontueren yn Beetstersweach en omkriten. Hoe’n ferhaal kinne jo fertelle oer de sipel dat de sipel sels oertreft? Sitte der politike diminsjes oan?
De residinsje by SYB kriget letterlik en giguerlik de foarm fan in fjildtocht dêr’t ferskate minsken en dissiplines by oanheakje. De materialen dy’t se yn dy kontekst sammelje, sette de keunstners om yn teätrale sênes, se meitsje der audio-kollaazjes fan, muzyk, performances, iten en koarte films.
De residinsje wurket ta op in publike presintaasje yn maaie 2024. Meikoarten folget dêr mear ynformaasje oer.
Oer de keunstners
Sûnt 2018 wurkje Reinout Scholten van Aschat (°1989), bas van den hurk (°1965) en Jochem van Laarhoven (°1988) mei-inoar oan in ûndersyk nei de ferhâlding tusken byldzjende keunst en teäter. Ut dat ûndersyk wei bringe se gâns media byinoar yn ynstallaasjes en foarstellings. Yn dy mearfoarmigens sit de urginsje om in wichtige modernistyske fraach op te pakken: hoe libje wy mei-inoar gear en hoe jouwe wy dêr foam oan?
Reinout Scholten van Aschat, bas van den hurk en Jochem van Laarhoven partisipearje ek yn it kollektyf it is part of an ensemble, in wikseljende groep fan likernôch tweintich keunstners, dramaturgen, akteurs, performers, saakkundigen en studinten dy’t mei-inoar residinsjes dogge en tentoanstellings, foarstellings en publikaasjes fersoargje. Resinte tentoanstellings binne û.o.: Museum De Pont, Tilburg; Club Solo, Breda; Joseph Tang, Parys (FR); Bonnefantenmuseum, Maastricht; Dürst Britt and Mayhew, De Haach.