23 March 2024

Unpacking The Polder Western

Presintaasje

Image in progress van The Polder Western door Pilar Mata Dupont en Erika Roux, 2024

Keunsthûs SYB nûget jo fan herten út foar Unpacking The Polder Western, de presintaasje om de residinsje fan Pilar Mata Dupont en Erika Roux mei ôf te sluten, op sneon 23 maart 2024 om 15.00 oere.

De middeis toane Mata Dupont en Roux de konseptferzjes fan de eaerste montearre sênes fan harren film The Polder Western. Direkteur Arnisa Zeqo sil mei de keunstners yn petear oer it ûndersyk efter de film en de motivaasje efter de filmtaal dy’t hja ûntwikkele hawwe. Besikers wurde útnûge om fragen te stellen en feedback te jaan op it wurk yn ûntwikkeling.

It úteinlike resultaat fan it filmyske ûndersyk sil de foarm krije fan in solotentoanstelling mei de titel Scenes From the Polder Western mei Niekolaas Lekkerkerk as kurator. De tentoanstelling wurdt op 18 maaie 2024 iepene en is te sjen yn RADIUS, Centrum voor Hedendaagse Kunst en Ecologie te Delft.

Wy sjogge dernei út om jo te ferwolkomjen by SYB op sneon 23 maart!

Program
15:00 Ynrin
15:15 Fertoanen fan de earste sênemontaazjes + diskusje
16:15 Ofsluten mei drankjes
17:00 Ein

Oer de residinsje
Yn Keunsthûs SYB hawwe Pilar Mata Dupont en Erika Roux wurke oan harren ûndersyk Floodland: research for a Dutch Western.

Gebrûkmeitsjend fan skreaune stikken en fraachpetearen út ’e lêste trije jier, markearret de residinsje de ein fan in langere, trochrinnende perioade fan ûndersyk nei hoe’t it filmsjenre fan de Western en de soargen om seespegelferheging mei-inoar ta utering komme kinne yn it artistike domein.

By SYB brochten Mata Dupont en Roux harren ferskillende opfettings fan filmjen en ûndersyk byinoar om urginte ideeën oer it Nederlânske/Fryske antwurd op klimaatferoaring en heger wurdende seespegel te ferkennen. De fokus leit by har op it ûntraffeljen fan nasjonale myten en politike ferhalen oer wetterbehear. By harren ferbliuw wurken hja gear mei in filmploech en akteurs en filmen hja ferskate sênes en dêrby moast it Fryske lânskip it dekôr foastelle fan in westernfilm.