12 February o/m 24 March 2024

Pilar Mata Dupont en Erika Roux: Floodland: Research for a Dutch Western

Residinsje

Pilar Mata Dupont and Erika Roux, test shot on the Waddenzee, 2024

Keunsthûs SYB ferwolkommet keunstners Pilar Mata Dupont en Erika Roux foar in ûndersyksresidinsje fan 12 febrewaris oant en mei 24 maart 2024 mei de titel Floodland: Research for a Dutch Western.

Mei de residinsje bringe Mata Dupont en Roux harren ferskillende opfettings fan filmjen en ûndersyk byinoar. Sy ferdjipje har yn in mienskiplike ynteresse yn it ferkennen fan urginte ideeën oangeande de Nederlânske en Fryske reaksje op klimaatferoaring en seespegelferheging.

De fokus leit op it ûntraffeljen fan besteande myten en politike ferhalen oer wetterbehearsking. Yn harren residinsje by Keunsthûs SYB stelle Mata Dupont en Roux it Fryske lânskip foar as dekôr foar in westernfilm. Se ûndersykje hoe’t it wrydske en wetterrike lânskip in set wêze kinne soe foar in nije film mei de titel The Polder Western. It projekt is foar har in part fan in langer rinnend ûndersyk nei hoe’t it sjenre fan de westernfilm en de problematyk fan de opkommende wetterspegel yn dat artistike domein beskôge wurde kinne.

Op basis fan trije jier skriuwe en fraachpetearen hâlde, wurkje de keunstners oan materiaal foar it produsearjen fan in film, dêr’t in absurdistyske ferzje fan Nederlân yn ferbylde wurdt as in Kafkaiaanske wrâld dy’t him yn in western ôfspilet.

Mata Dupont en Roux hawwe in boartlike en relevante útdrukkingsfoarm fûn yn de filmyske skaaimerken fan it westernsjenre om neitinke te kinnen oer politike perspektiven en opfettings fan territoarium, natuer en mienskip, mei komplekse en gauris tsjinstridige ekonomyske en sosjiale belangen.

Yn it gearwurkjen litte hja sjen dat fiksje en filmtaal in wichtich plak ynnimme yn harren wurk om persoanlike soargen op it aljemint te bringen, dy’t fuortkomme út it wenjen yn in ekologysk kwetsber lân.

It ûndersyksprojekt Floodland: Research for a Dutch Western sil liede ta in publike presentaasje op sneon 23 maart 2024. Mear ynformaasje dêroer folget meikoarten.

Oer de keunstners
Erika Roux is bylzjdend keunstner en filmer, festige yn Amsterdam. Har wurk bestiet út fideowurken, koarte films, multichannel fideo-ynstallaasjes en publikaasjes. Mei in frij yntuïtyf en persoanlik (doch sels) tapassen fan fideo en film lavearret har wurk gauris tusken it krityske potinsjeel fan fiksje en ‘re-enactment’ en de kompleksiteit fan dokumintêr materiaal.

De Latina keunstneresse Pilar Mata Dupont brûkt temporele strategyen fan ‘looping’, ‘fragmintaasje’ en ‘dislokaasje’ om har te ferdjipjen yn de feroarlikens fan ferhalen oer skiednis en ûnthâld, en dêr docht hja djipgeand ûndersyk by nei it ûntstean fan fertelde histoarjes en de net fertelde tsjinhingers dêrfan. Yn har fideo-, performance- en fotowurken ferkent hja faak de struktueren en stylfigueren fan sjenreferhalen. Mata Dupont har resinte praktyk hat him útwreide nei net-lineêre, op karakter en konsept rjochte ‘storytelling’. Pilar Mata Dupont wennet en wurket yn Rotterdam.

It projekt is mooglik makke troch: