29 January o/m 2 February 2024
Honey Jones-Hughes & Antonio de la Hera: Planting Mustard (preliminary research)
Residinsje
Keunsthûs SYB ferwolkommet keunstners Honey Jones-Hughes en Antonio de la Hera foar in ûndersyksresidinsje fan febrewaris oant maaie 2024.
Jones-Hughes en de la Hera sette by SYB útein mei in ûndersyksperioade nei boaiembedekkende planten, mei de fokus op de tapassing fan moster. Mei de residinsje bouwe hja fierder op harren eardere ûndersyk nei duorsume lânboupraktiken yn Fryslân. De ûndersyksresidinsje Planting Mustard (preliminary research) (FY: Moster plantsje (foarûndersyk)) bestiet út twa tydlike ferbliuwperioaden yn Keunsthûs SYB, dêr’t hja harren belutsenens mei de lju dy’t yn en mei it gebiet wenje en wurkje fuortsette. De residinsje wurdt ôfsletten mei in publyk barren op sneon 25 maaie 2024.
Oer it ûndersyk en boaiembedekkende planten
De term ‘cover crop’, oftewol boaiembedekkende planten, kin ferwize nei eltse plant dy’t siedde of boud wurdt mei it doel om de boaiemsûnens te ferbetrerjen. In sûne boaiem ferbetteret of befoarderet minerale- (en koalstof-)sykly, jout minder eroazje en produsearret mear gewaaks dat ryk is oan nutriïnten. De boaiemsûnens kin op ûnderskate wizen metten wurde, fan ôfwettering oant minerale gearstalling, fan organysk materiaal oant diversiteit oan ynsekten, baktearjes, skimmels en oare libbensfoarmen.
De planten wurde selektearre op basis fan de ferletten fan it lân, en dêrby wurde se faak yn groepen of yn “cocktails” boud. Moster is in boaiembedekkende plant dy’t in soad yn Nederlâd foarkomt en faak brûkt wurdt yn ôfwiksel mei weet en ierappels (dy lêste is in wichtich gewaaks foar Fryslân, noch altyd de grutste eksporteur fan setierappels op ’e wereld). As de plant op goede wize ynset wurdt, hâldt dy stikstof fêst en produsearret de natuerlike stoffen dy’t de fersprieding fan woartelsykten stjingeane. Dat byinoar soarget derfoar dat boeren minder keunstdong en pestisiden hoege te brûken.
Yn de ûndersyksperioade by SYB ferfogje Jones-Hughes en De la Hera harren dialooch mei produsinten, telers, tradysjes en it lânskip fan Fryslân, en ûndersykej hja de kompleksiteit en mearsidigens fan boaidembedekkers en de foardielen en byprodukten derfan. De lokale oanwêzigens fan moster – sawol yn kultuer as fan naruere yn it fjild – is fan belang om better te begripen hoe’t boaiembedekkers funksjonearjen yn belied en praktyk, en wat harren rol is yn duursume lânbou.
Oer de keunstners
De keunstners Honey Jones-Hughes en Antonio de la Hera wurkje yn gearwurkingsferbân oan maatskiplike kwestjes dy’t har streekrjocht yn rûnten om har hinne foardogge. Yn harren wurk befreegje hja moderne lânbou- en technologyske mythologyen, grûnstofkrapte, taleveringsstringen, ynfrastruktueren en ekonomyen.
Harren gearwurkingsferbân is basearre op de oertsjûging dat praktykkennis út in proses wêikomt dêr’t ûndersyk en reaksjes yn oantrune wurde. Yn harren projekten wurdt de foarkar jûn oan sosjiale ynteraksjes en belutsenens as pedagogyske faktoaren. Troch it gebrûkmeitsjen fan wurkfoarmen lykas spulje, kuierje, workshops, ekskursjes en publikaasjes om ynformaasje en ideeën (op ’en nij) te presintearjen en te definiearjen, besykje hja om romte te meitsjen foar krúsbestowing fan (formele of ynformele) sosjale ekonomyen om holistysk duorsume oplossings te generearjen.
It projekt is mooglik makke troch: