25 September o/m 7 November 2023
Alban Karsten: The Fences of Beetstersweach (de fredings fan ’e Sweach)
Residinsje
Keunsthûs Syb ferwolkommet keunstner Alban Karsten fan 25 septimber oant en mei 7 novimber foar in residinsje. By SYB sil Karsten wurkje oan syn ûndersyk mei de titel ‘The Fences of Beetstersweach’ (de fredings fan ’e Sweach).
Al sûnt in jiermannich docht Alban Karsten ûndersyk nei de wûnderlike skiednis fan hikwurken, mei de byhearrende skiednissen fan hynstehindernissen en rampeprevinsje fan hjoed-de-dei.
By SYB set de keunstner in nije stap yn dat ûndersyk, troch in foam fan storytelling yn hikwurken te kreëarjen. Yn The Fences of Beetsterzwaag ûndersiket er de skiednis en betsjutting fan hikken yn it doarp dêr’t er ferbliuwt. Ien fan syn doelstellings is it ûntwikkeljen fan in skulpturale foam dêr’t streekferhalen, mythen, doarpsrabberijen, skiednis en leagen ferwurke wurde ta in mozayk fan ferhalen. Dat binne ferhalen ‘op ’e hikke’, sichtber makke as artikulaasjes fan syn artistyk ûndersyk. Dêrnjonken docht Karsten ûndersyk by it Frysk literêr argyf Tresoar en slút er him oan by ferskate lokale ferienings.
Keunsthûs SYB is yn de perioade fan Karstens residinsje sneons en sneins iepen fan 13:00 – 17:00 oere. Op snein 5 novimber organisearret SYB in presintaasje as ôfsluting fan syn residynsje. Hâld it webstek op ’e kuer foar mear ynformaasje oer de presintaasje.
Oer de keunstner
Alban Karsten is konseptueel keunstner ne makket performances en skulptueren út sterke nijsgjirrigens nei ‘de oar’ wei. Hy nûget geregeld professionals fan ûnderskate fakgebieten út – lykas in sosjaal psycholooch, in izersmid of in hypnoterapeut – om yn ’e mande mei har te wurkjen oan syn projekten. Yn dy gearwurkings besiket er harren metoaden en ekspertize yn syn wurk te integrearjen, en har op dy wize in grut oanpart yn de útkomst fan it wurk te jaan. Mei syn projekten ûndersiket Alban wat derfoar nedich is om in ekspert te wêzen, en wat auteurskip en eigenheid betsjutte wannear’t in part fan de regy út hannen jûn wurdt.
Alban behelle syn bachelor oan Akademy Minerva (Grins) en syn master oan it Sandberg Instituut (Amsterdam). Hy wennet en wurket yn Amsterdam en wie ien fan de oprjochters fan artist-run projeltromte De Gym (Grins).
Syn wurk wie te sjen yn û.o. De Appel (Amsterdam), International Design Biennial (St. Etienne, Frankryk), Sign (Grins), Kunstfort bij Vijfhuizen (Vijfhuizen), Museum für Kunst & Gewerbe (Hamburg), W139 (Amsterdam), Combo (Feneesje), Het Resort (Grins), Am Ende Des Tages (Düsseldorf), Macao (Milaan), De Fabriek (Eindhoven) en Huis Marseille (Amsterdam).
De residinsje wurdt mooglik makke troch: