18 June 2023

einpresintaasje ‘It Lesbysk Kontinuüm’

Pia Louwerens en Katinka van Gorkum

'Koffie pauze in het L.A.L. april '85', foto: Majo, eigen scan, foto uit het Lesbisch Archief Leeuwarden in beheer van Tresoar.

Keunsthûs SYB nûget jo fan herten út foar ‘It Lesbysk Kontinuüm’, de einpresintaasje fan it projekt ‘Húsgenoaten: echo’s en spoaren fan in lesbysk argyf’ op snein 18 juny om 15:00 oere.

Yn decperioade fan de residinsje fan Pia Louwerens en Katinka van Gorkum by Keunsthûs SYB hawwe hja it Lesbysk Argyf Ljouwert ûndersocht en sjoen nei wat it betsjut om dat argyf yn in artistike kontekst te ûntsluten.

Pia en Katinka sille yn de einpresintaasje op snein 18 juny yn petear mei Arnisa Zeqo wat fertelle oer dat ûndersyk, de residinsje en it wurkproses. Dêrnei folget in performative omgong fan de keunstners troch harren echo fan it argyf.

Wy hoopje jo ferwolkomje te meien by SYB.

Einpresintaasje
snein 18 juny 2023 om 15:00 oere.
Ynrin fan 13:00 oere ôf.

It wurk is te sjen op:
sneon 17 en snein 18 juny 2023
fan 13.00 tot 17.00 oere.