26 June o/m 30 July 2023
Olivia D’Cruz: Water Witching: A Research on Landscape and Fiction
Residinsje
Keunsthûs SYB is der tige wiis mei om keunstner Olivia D’Cruz te ferwolkomjen foar in residinsje yn july 2023. Har ûndersyk hat de titel ‘Water Witching: A Research on Landscape and Fiction’ (Wetterbetsjoening: In ûndersyk nei lânskip en ferbylding) en yn de perioade fan ’e residinsje sil sy wurkje oan it meitsjen fan opnamen foar in nije film.
Wichelje, ek bekend as wichelroederinne, rabdomansy (rabdology), of ‘water witching’ en ‘dowsing’ yin it Ingelsk, is in praktyk dêr’t in gaffelfoarmige twiich of koperen staven by brûkt wurde om ûnderierdske wetterboarnen, minerale ôfsettings of weitôge foarwerpen op te sykjen. It giet tebek oant de 16e-iuwske mynbou yn Dútslân, dêr’t de metoade brûkt waard om metaalertsen op te spoaren. By it wicheljen rûnen de beoefeners oer it lân mei it wichelroede-ynstrumint yn beide hannen. It ynstrumint bûcht of beweecht nei de grûn as it tichteby de sochte boarne komt. Njonken de praktyske tapassing fereasket wicheljen in protte omtinken foar it lân en wurdt it beoefene op basis fan eleminten fan fiksje en ferhalen fertellen.
Yn ’e residinsje yn Keunsthûs SYB lit Olivia har ynspirearje troch de praktyk fan it wicheljen om de minsklike relaasjes mei it lânskip te ûndersykjen. Se reflektearret op it histoarysk gebrûk fan wicheljen by systemen fan grûnstofwinning. Boppedat ûndersiket hja oan ’e hân fan petearen mei lokale bewenners hokfoar oantinkens oft sy hawwe oan it gebrûk fan wicheljen of soartgelikense praktiken om wetterputten, boarnen, mineralen of sels weibrochte foarwerpen te lokalisearjen.
Lykas hja it yn har eigen wurden beskriuwt:
“Ik sil my rjochtsje op beweging troch it lânskip yn relaasje ta wetter. Ik sil neier ûndersykje hoe’t praktiken lykas wicheljen betsjutting en ferbyldings skeppe en tagelyk in protte omtinken freegje foar it lânskip. Ik hoopje yn gearwurking mei in lokale ekolooch en oare bewenners harren fêste loopkes troch de bosken yn Beetstersweach te folgjen. Mei it observearjen fan har praktiken en my deryn te ferdjipjen, hoopje ik mear te witten te komen oer har relaasje mei de bosk en de wetterboarnen yn it gebiet. Ik wol stilstean by de skiednis fan dy bosken en wetters as lokaasjes fan lânoanmeitsjen, oftewol de turf- en houtyndustry. Op myn kuiertochten hoopje ik yn ’e kunde te kommen mei de net-minsklike bewenners fan it gebiet. Ik sil gebrûk meitsje fan ûngewoane manieren om troch de bosk en de útlannen stjoerd te wurden, bygelyks mei help fan myn eigen wichelroede of sekuer slakken te folgjen. Ik sil de kuiertochten, moetings en petearen dokumintearje op fideo en audio en dy opnamen by einsluten ferwurkje ta in film.”
Yn de perioade fan Olivia har residinsje is Keunsthûs SYB iepen op sneon en snein fan 13:00 – 17:00 oere. Op snein 30 july sil de einpresintaasje fan Olivia har residinsje wêze.
Oer de keunstner
Olivia D’Cruz (1996) is in yn Grins festige keunstner en filmer út Goa, Yndia. Hja studearre yn 2020 ôf yn yllustraasje en animaasje oan Academie Minerva. Ynspirearre troch it ekofeminisme en de environmental humanities, rjochtet har wurk him op it sammeljen fan ferhalen út de mear-as-minsklike wrâld. Hja is nijsgjirrich nei de struktueren dy’t moetings tusken lânskippen, minsken en oare bisten mooglik of ûnmooglik meitsje. Yn 2020 krige hja de Academie Minerva Undersykspriis foar har ôfstudearfilm. Yn 2022 eksposearre D’Cruz har langrinnend projekt oer grûnstofwinning by Noorderlicht yn Grins en waard hja nominearre foar de Sybren Hellinga Keunstpriis, dy’t alle trije jier organisearre wurdt troch Keunsthûs SYB.
Hja ûntwikkelet geregeld keunstworkshops foar bern en sjocht yn har artistike praktyk it grutte belang fan gearwurking en yntergenerasjonele relaasjes.