8 May o/m 18 June 2023

Húsgenoaten: echo’s en spoaren fan in lesbysk argyf

Residinsje

Pia Louwerens en Katinka van Gorkum, "From I to We - excavating reality together, at home. Rue Blaes, Brussel, 2018. Foto uit archief."

Fan 8 maaie oant 18 juny binne keunstner-ûndersikers Pia Louwerens en Katinka van Gorkum te gast by Keunsthûs SYB, dêr’t sy it eardere Lesbysk Argyf Ljouwert  op artistike wize ûndersykje en ûntslute sille.

Yn 1979 setten Henny Smid en Majo Georgie yn harren hûs yn Ljouwert útein mei in argyf dat de lesbyske skiednis dokumintearret. Yn 1982-1983, nei’t yn de mienskip in oprop dien waard om lesbyske libbens en ûnderfiningen net yn it ferjit reitsje te litten, liede dat ta it oprjochtsjen fan in gearhingjend systeem fan regionale argiven, dêr’t it Lesbisch Archief Leeuwarden, dat ûnderwilens twa keamers besloech, der ien fan waard.

Sûntdat Pia en Katinka yn 2012 byinoar wennen yn in atelierwenning yn De Haach, binne hja mei-inoar yn petear oer de keunstwrâld, feminisme, parasiten, publike romten, it hûs, de kat, it ôfwaskjen en oer elk syn keunstpraktyk. Yn ’e residinsje by SYB gean sy yn op it idee fan gearlibje; in begryp mei in ferwizing nei queer, omdat it brûkt waard en wurdt troch (en foar) minsken dy’t yn in romantyske relaasje byinoar wenje mar dat net mei de bûtenwrâld diele wolle of kinne. Pia en Katinka wurkje yn de residinsje mei har eigen argyf fan harren gearwenjen en it gearkommen fan harren keunstpraktiken, en de skiednis en it materiaal út it Lesbysk Argyf Ljouwert.

Argivearjen is in beskate relaasje ta materialen en teksten dêr’t dy lêsber troch wurde en tagonkelijk troch bliuwe. By SYB ûndersykje Pia en Katinka hoe’t se mei it argyf omgean kinne as ‘libjend’ materiaal. Mei metoaden lykas kopiearjen, sitearjen, neidwaan, en op ’e nij opfueren fan it ûntdutsen materiaal, sille hja de “echo’s” en “spoaren” fan it argyf sawol folgje as meitsje. Dêrby rinne performative presintaasjes en it ferkennen fan it fysike materiaal fan it argyf trochinoar hinne.

It doel is net om in konklúzje of in definitive seleksje en ynterpretaasje fan it materiaal te jaan, mar om krekt de feroarlikens en it hieltiten op ’e nij (be)sjen sintraal te stellen. Sa wurdt it argyf in tredde húsgenoat dy’t yn dialooch is mei de rûnte yn en om Keunsthûs SYB, spoaren fan eardere bewenners, besikers en Pia en Katinka har keunstpraktiken.

Lesbysk Argyf Ljouwert

It doel fan it Lesbysk Argyf Ljouwert wie om de lesbyske emansipaasjestriid te stypjen mei ynformaasje, in stribjen nei in sa lykweardich mooglike ôfspegeling fan efterstelde groepen yn de maatskippij, mei de klam op lesbyske, kleure, en Joadske froulju en froulju út ’e arbeidersklasse. It argyf waard al gau te grut foar de húskeamer fan Henny Smid, en yn 1987 waard in pân yn Ljouwert yn gebrûk nommen, dat de namme Anna Blaman Huis krige. It argyf befette boeken, foto’s, affysjes, buttons, lûdsbantsjes, skripsjes, klean, wittensliplike publikaasjes en alles wat ek mar te krijen hie mei de emansipaasje fan lesbyske froulju en minder begeunstige groepen yn de maatskippij. Yn 2013 waard it Anna Blaman Huis om finansjele reden sletten, en waard it argyf ûnderbrocht by oare argiven lykas Tresoar yn Ljouwert en IHLIA yn Amsterdam.

Oer de keunstners

Yn harren freonskip en harren gearwenjen hawwe Pia Louwerens en Katinka van Gorkum altiten yn petear west oer nije paden tusken iepenstellen/toanen/eksposearjen oan ’e iene kant en inerlikens/privee/thús oan ’e oare kant. Yn harren keunstpraktiken komme dy tema’s by beide op in oare wize ta útdrukking.

Pia makket performances dêr’t hja yn besiket te begripen hoe’t keunstwurk, keunstner en de (institúsjonele) kontekst inoar produsearje. Sy stelt har dy relaasjs foar as in yntertekstueel netwurk, of skript, dêr’t hja mei performances, sprutsen en skreaune tekst oan “meiskriuwe kin”. Dêrby wurket hja in soad mei taeigenjen en (sels)sitearjen, wêrby’t âlde skripts weromkomme yn nije performances. Har performances foarmje sa har eigen argyf. Op dy wize besiket hja foarmen fan publikaasje en eksposysje te ûntwikkeljen dy’t net om transparânsje of sichtberens freegje, mar dêrfoaroer hieltiten mear lagen oan it wurk tafoegje.

Katinka ûndersiket it idee fan it hûs en it jin thúsfielen troch priveeromten publyk te meitsjen en it idee fan it hûs as stabile basis krekt yn ’e kiif te setten. Dat docht hja op ’t stuit mei skriuwen as medium. Koartlyn die hja ûndersyk nei de Rotterdamske en iepenlik lesbyske skriuwster Anna Blaman, wat ûnder oare liede ta in koart ferhaal dêr’t de haadpersoan him yn ferskûlet yn Blaman har firtuele sliepkeamer.

Oprop

Pia en Katinka soenen graach yn ’e kunde komme wolle mei minsken dy’t belutsen wienen by it Lesbysk Argyf Ljouwert, as organisator, frijwilliger en fansels as besiker. Hawwe jo mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Katinka fia vangorkum.katinka@gmail.com of stjoer in e-mail nei info@kunsthuissyb.nl. Efkes delkomme kin fansels ek, fan 8 maaie o/m 18 juny is Keunsthûs SYB iepen op sneon en snein fan 13:00 oant 17:00 oere.