18 November o/m 23 December 2022

Sanne Kabalt: to lull and by[e]

Residinsje

Sanne Kabalt, 2022

Keunsthûs SYB ûntfangt fan 18 novimber oant en mei 24 desimber Sanne Kabalt as bewenner. Har ferbliuw sil ein desimber 2022 ôfsletten wurde mei in iepenbiere presintaasje. Yn de residinsjeperioade rjochtet Sanne har op widzesankjes, in foarm fan sjongen dy’t yn hast alle tiden en kultueren brûkt wurdt om poppen en lytse bern yn ‘e sliep te bringen. It widzeliet hat in protte ferskillende en faaks ambifalinte kwaliteiten; it is bedoeld om del te bêdzjen, mar de teksten kinne tsjuster wêze; it wurdt foardroegen yn in yntime partikuliere sfear, mar is ûnderdiel fan in fanselssprekkende kollektive kennis.

It widzeliet nimt in unyk plak yn ús histoarysk erfgoed yn. Krekt om’t it widzesankje fakentiids ûntstiet yn de yntime relaasje tusken mem en bern, sûnder publyk, binne de sankjes in frijplak om tinzen en soargen út te drukken dy’t gjin plak krije meie yn it iepenbiere libben. Der binne bygelyks sliepferskes dêr’t de frou yn bekent dat se de heit net leafhat of har frijer mist. Somtiden is it ek in plak dêr’t se kwetsber wêze kin en sjongt oer har eigen wurgens of de realiteit fan earmoede.

Yn Keunsthûs SYB wol Sanne de histoaryske, narrative en auditive kwaliteiten fan (regionale en ynternasjonale) widzesankes ûndersykje en ferweve mei har byldzjende praktyk. In tige persoanlik ûndersyk fan in molkefarske mem, dy’t har dochter meinimt as ynspiraasjeboarne en as primêr publyk. Troch de widzesankjes ûnder de loep te nimmen, sjocht Sanne nei de histoaryske, mar ek aktuele fraach nei wat de maatskiplike ferwachtings binne fan in mem oant hjoed de dei. Neist wiidweidich ûndersyk nei ynternasjonale sliepferskes fiert Sanne persoanlike petearen mei ynwenners fan Beetstersweach en docht hja ûndersyk yn it argyf fan Tresoar om ynsjoch te krijen yn Fryske widzelietsjes.

Yn de perioade fan Sanne har residinsje is Keunsthûs SYB iepen op sneon en snein fan 1 oant 5 oere. Oant 4 desimber is yn dy perioade ek de tentoanstelling Carriers te besjen; in tentoanstelling fan it wurk fan de fiif nominearren fan de Sybren Hellinga Keunstpriis 2022.

Oer de keunstner
Sanne Kabalt (Amsterdam, 1989) hat in bachelor Fotografy oan de Hegeskoalle foar de Keunsten te Utert dien (2011) en behelle har MA-diploma oan it Dutch Art Institute fan ArtEZ (2018) te Arnhim.

Yn har wurk makket hja gebrûk fan ûnderskate mooglikheden oan media. Fotografy stiet faak sintraal en wurdt beselskippe fan poëzy, ynstallaasje, projeksje, tekenings, sang of performance. De foarm wurdt beskaat troch de ynhâld fan it projekt. Weromkommende tema’s yn har wurk binne sykte, dea, dwylsin en ferlies en minsklike/net-minsklike relaasjes. Op gefoelige wize taast Sanne de ymplikaasjes ôf fan pine, de relaasje tusken pine en de wurden dy’t we deroan jouwe, en set de kamera yn om te ûndersykjen wat dy dwaan kin wat de eigen waarnimming net kin. Har wurk ûntjout him as in proses dêr’t hja wjerstân yn biedt oan in statysk einprodukt en de presintaasje in iepen foarm kriget dy’t noch de potinsje hat him te ûntjaan en dêr’t net alle fragen al yn beantwurde binne.

Oprop
Witte jo noch widzesankjes út ’e omkriten, of krekt út fiere oarden? Benammen widzesankjes dy’t de realiteit en skaadside fan it heit en mem wêzen beljochtsje, binne nijsgjirrich foar Sanne har ûndersyk. Tips binne o sa wolkom fia sannekabalt@gmail.com of kom lâns yn de wykeinen.

It projekt wurdt mei mooglik makke troch:
Mondriaan Fonds, Provinsje Fryslân en Stichting Niemeijer Fonds