21 October 2022
Shortlist Sybren Hellinga Keunstpriis 2022
Nijs
Mei nocht en wille makket Keunsthûs SYB de fiif nominearren bekend foar de Sybren Hellinga Keunstpriis 2022.
De priisútrikking en de iepening fan de útstalling mei de selektearre keunstners binne snein 13 novimber yn Beetstersweach. De winner kriget 3000 euro as stipe foar syn artistike praktyk. De sjuery fan dizze 9e edysje, besteande út Vytautas Kumža (winner Sybren Hellinga Keunstpriis 2019), Saskia Noor van Imhoff (byldzjend keunstner wurkjend tusken Fryslân en Amsterdam), Laurie Cluitmans (konservator Centraal Museum yn Utrecht), Sanne Luteijn (manager The Ekard Residency), hat de folgjende artysten nominearre:
Benjamin Francis
Olivia D’Cruz
Peter Scherrebeck Hansen
Sarjon Azouz
Vita Soul Wilmering
Mei-inoar hawwe 111 keunstners reagearre op de Iepen Oprop foar de Sybren Hellinga Keunstpriis 2022. SYB Circles hat út dy oanfragen in longlist fan 20 keunstners gearstald, dêr’t de ûnôfhinklike sjuery in shortlist fan 5 keunstners út selektearre hat. De nominearren binne de ôfrûne 5 jier allegear ôfstudearre oan in keunstakademy en wenje en wurkje op it stuit yn Nederlân. It wurk fan de nominearre keunstners is te sjen yn Keunsthûs SYB yn de foarm fan in groepseksposysje, gearstald troch Titus Nouwens. De tentoanstelling rint fan snein 13 novimber oant en mei 4 desimber 2022.
De keunstners:
Benjamin Francis studearre yn 2020 ôf oan de oplieding Fine Arts by ArtEZ BEAR yn Arnhim. Yn syn wurk reflektearret er op syn belibbe ûnderfining fan hieltyd korrizjearre te wurden op staveringsflaters, fanwegen syn dysleksy. Dy dissonânsjes of flaters wurde soarchfâldich korrizjearre yn ús hjoeddeistige maatskippij, om’t alles dat bûten de noarm falt beskôge wurdt as ûnproduktyf en dêrom útsletten. Troch de ferburgen dynamyk fan ‘e machtsferhâldingen bleat te lizzen dy’t de manier wêrop’t wy leard wurde om goed en ferkeard te ûnderskieden, te strukturearjen en te regeljen, freget er him ôf hoe’t dy systemen ûntstien binne en wa’t yn ‘e posysje is om dy binêre tsjinstellingen te diktearjen. Benjamin eksposearre koartlyn yn Hotel Maria Kapel, Het HEM, P/////AKT, Singular Art en Mutter.
Olivia D’Cruz (1996) is in yn Grinslân festige keunstneres en filmmakster út Goa, Yndia. Se studearre ôf yn yllustraasje en animaasje oan Academie Minerva yn 2020. Ynspirearre troch ekofeminisme en de miljeu-geasteswetenschappen rjochtet har wurk him op it sammeljen fan ferhalen út ‘e mear-as-minsklike wrâld. Se is ynteressearre yn de struktueren dy’t moetings tusken lânskippen, minsken en oare bisten mooglik of ûnmooglik meitsje. Yn 2020 krige se de Akademy Minerva Ûndersykspriis foar har ôfstudearfilm. Yn 2022 eksposearre D’Cruz har langduorjende projekt oer grûnstofwinning by Noorderlicht yn Grins. Se ûntwikkelet geregeld keunstworkshops foar bern en hechtet in grut belang oan gearwurking en yntergenerasjonele relaasjes yn har artistike praktyk.
Peter Scherrebeck Hansen studearre yn 2022 ôf oan de SNDO, School for New Dance Development, Amsterdamse Hogeschool voor de Kunsten. Peter is cellist, fideokeunstner en koreograaf en wurket út in queer feministysk perspektyf. Yn har koreografysk wurk ûndersiket en ûntwerpt Peter wat se ‘de paraspace’ neame – in romte foar ûnbeheinde wêzens út ferskate tiden. Peter makket koreografyske tableaus dy’t in dialooch foarmje tusken fideo, keramyk, stim en de praktyk fan it oproppen en ferbyldzjen fan froulike figueren. Utgeande fan it fysike lichem en somatyske praktiken wol Peter koreografyske dragers meitsje foar partikuliere en kollektive oantinkens en har oerbliuwsels. In praktyk dêr’t it lichem sels in koreografyske drager yn wurdt.
Sarjon Azouz is multydissiplinêr keunstner en wurket mei idelens as ûndersyksromte yn de identiteitspolityk. Hja studearre ôf oan BEAR, ArtEZ Arnhim yn 2022. Sarjons praktyk draait om it finen fan manieren om romten fan dialooch tusken al har alter ego’s te lieden. Dy personaazjes fine hâldfêst troch lûd, wurden en rekwisiten dy’t makke en brûkt wurde mei in oanpak mei faasje as ûndersyksmetoade, wat resultearret yn foarriedige komposysjes foar ferskate romte- en media-yntervinsjes. Sarjon is op it stuit artist in residence by Museum Arnhim, selektearre keunstner en konservator foar Biënnale Gelderland 2022-2023 en sûnt 2019 programmeur foar de queer yntervinsjegroep Queeructation yn Arnhim.
Vita Soul Wilmering (1996) wennet en wurket yn Den Haach, dêr’t se diel útmakket fan it keunstnerskollektyf Helicopter. Wilmering studearre Audiofisuele Keunsten en folge kursussen oan it konservatoarium en de ôfdieling teater fan it KASK yn Gent. Út de basis fan dokumintêre wei wurket Wilmering mei fideo, ynstallaasjekeunst, performance en muzyk. Se beskôget de performative romte dy’t in kamera opropt as in ynstrumint om freonskippen te foarmjen en op in yntime wize te kommunisearjen mei de minsken dy’t hja filmet. Har films waarden selektearre foar it Ynternasjonaal Film Festival Rotterdam (NL), Visions du Reél (CH) en DocLisboa (PT). Earder wie se artist in residency by De Ateliers yn Amsterdam en KAMEN Artist Residency yn Bosnië en Herzegovina.
De kurator:
Titus Nouwens (1992) is kurator en organisator, fêstige yn Amsterdam en Atene, mei in sterke belangstelling foar situaasjes, struktueren en foarmen fan keunstproduksje en taskôgerskip. Sosjale relaasjes en persoanlike histoarjes foarmje in wichtich útgongspunt yn syn praktyk. Hy hat projekten gearstald en makke foar organisaasjes as ROZENSTRAAT, De Appel, FLAM en Manifesta Biënnale. Yn gearwurking mei kurator Panos Fourtoulakis organisearret er op it stuit tentoanstellingen binnen it off-site programma fan Haus N yn Atene. Nouwens helle yn 2020 in MA yn Curating Contemporary Art oan it Royal College of Art yn Londen en sûnt 2022 sit er yn de advysried fan it nomadyske keunstplatfoarm It Resort yn Grins.
Oer de priis:
De Sybren Hellinga Keunstpriis wurdt om ’e 3 jier útrikt. Galeryhâlder Sybren Hellinga stifte de priis yn 1998 op grûn fan syn libbensmisje om progressive keunst te stimulearjen. De organisaasje fan de priis wurdt dien troch Keunsthûs SYB, mar wurdt tradisjoneel mooglik makke troch de Sybren Hellinga Stichting. Winners fan de foarrrige edysjes binne Masha de Vries (1998), Ray Moon (2001), Paulien Oltheten (2004), Lotje van Lieshout (2007), Jetske Verhoeven (2010), Riet Wijnen (2013), Milena Naef (2016), Vytautas Kumža (2019).
De Sybren Hellinga Keunstpriis 2022 wurdt mooglik makke door de Sybren Hellinga Stichting, it Mondriaan Fonds, de Provinsje Fryslân, de Van Teyens Fundatie en de gemeente Opsterlân.