7 o/m 9 October 2022
Einpresintaasje Steven Jouwersma
in Kunsthuis SYB
Keunsthûs SYB nûget jo fan herten út foar de presintaasje fan nij wurk fan Steven Jouwersma. Kom op 7 oktober lâns om de keunstner te moetsjen, it nije wurk te besjen en mei-inoar ôf te sluten mei in drankje.
De ôfrûne wiken wurke Steven oan de ynstallaasje Je vergeet jezelf nog eens (Soest dysels nochris ferjitte). De presintaasje bestiet út in 16 paniels beskildere keamerskerm Piipdinkjes (wurktitel ‘piepbeestjes’), in fideowurk attinsje op attinsje (wurktitel ‘Attention on attention’) en in rige triljende skulptueren. Dy nije wurken binne it resultaat fan in ûndersyk nei de attitude dy’t nedich is om “jinsels te ferjitten”. De sin “Soest dysels nochris ferjitte” is in útspraak fan syn mem ûnder de petearen mei him. Steven die ek ûndersyk nei it konsept fan de snoezelromte* en hat ek snoezelromten yn Beetstersweach besocht.
Yn it ramt fan dat ûndersyk hat de keunstner in stikmannich skulptueren makke mei ynboude lûdsprekkers dy’t waarnimber trilje. Besikers meie de skulptueren by de einpresintaasje oanreitsje en beethâlde. Yn syn nij beskildere keamerskerm ‘Piepbeestjes’ (wurktitel) hat er him ynspirearje litten troch bernetekenings fan syn autistyske broer Menno. Steven beskôget it nije wurk as in meditaasje op sawol syn eigen persepsje fan de werklikheid as dy fan syn broer. Yn it nije fideowurk Attention on attention (wurktitel) is it wurkproses fan de ôfrûne wiken fêstlein. It wurk toant de relaasje tusken in rige ferskillende konsepten en ûnderfinings, fan it zenboeddhisme oant de aktiviteiten fan syn mem.
By de einpresintaasj op 7 oktober sil de keunstner in performative lêzing hâlde.
Mei de presintaasje Je vergeet jezelf nog eens (Soest dysels nochris ferjitte) besiket Steven de obstakels te oerstiigjen dy’t bestean kinne tusken neurologysk ferskillende persepsjes fan de wrâld. De praktyk fan “jinsels ferjitten” wurdt benei kommen as in ûnderfining yn de fysike wrâld dy’t allinnich mooglik is mei tagelyk in meditaasje oer de waarnimming sels.
Je vergeet jezelf nog eens (Soest dysels nochris ferjitte) is ek noch te sjen op sneon 8 en snein 9 oktober 2022 fan 13:00 oant 17:00 oere. De keunstner is op beide dagen oanwêzich.
*De term “snoezelen” is in gearsetting fan de tiidwurden “snuffelen” (ûndersykje en ûntdekke) en “doezelen” (dodzje, slomje). Snoezelromten wurde brûkt yn soarchynstellings foar minsken mei in geastlike en/of lichaamlike beheining om se del te bêdzjen troch it prikeljen fan de sintugen yn in ûntspannende rûnte.
Einpresintaasje freed 7 oktober
17:00 oere – 20:00 oere
18:00 uur artist talk
te sjen op sneon 8 en
snen 9 oktober 2022
fan 13.00 oant 17.00 oere.
It projekt wurdt mooglik makke troch: