27 June o/m 8 August 2022
Iepen Oprop Sybren Hellinga Keunstpriis 2022
foar keunstners dy’t nei 1 juny 2017 en foar 15 july 2022 ôfstudearre binne
Kapdatum: moandei 8 augustus 2022 (oant 23:59 oere)
Fuort nei it dielnimmersformulier en it reglemint
Sybren Hellinga Keunstpriis 2022
Op 13 novimber wurdt de 9de Sybren Hellinga Keunstpriis útrikt yn Keunsthûs SYB. Dy oantrúnpriis is ornearre foar yn Nederlân wenjende keunstners dy’t nei 1 juny 2017 en foar 15 july 2022 ôfstudearre binne oan in 1ste faze keunstoplieding, en autodidakten dy’t yn dy perioade begûn binne as profesjoneel keunstner.
Mei de Sybren Hellinga Keunstpriis wol Keunsthûs SYB yn ’t each springend jong talint foar it fuotljocht bringe, út in kar-út oan artistike sjenres wei. De organisaasje trunet dielnimmers út ferskate byldzjende dissiplines (net parfoarst autonoom) in beheinde portfolio yn te stjoeren ta beoardieling troch SYB Circles en de sjuery.
Proseduere en presintaasje
SYB Circles makket út de ynstjoerings earst in foarseleksje. De sjuery sil út dy seleksje fiif keunstners nominearje.
Yn de wiken foarôfgeand oan de priisútrikking organisearret Keunsthûs SYB in rige talkshows dêr’t de praktyk fan eltse nominearre wiidweidich yn ferkend wurdt en dield mei it publyk, yn de kontekst fan in fysike presintasje fan harren wurk yn it hûs. Dat programma rint fan 22 oktober oant en mei 13 novimber yn Keunsthûs SYB en online. By de finissaazje op 13 novimber wurdt de winner bekend makke.
De winner kriget in bedrach fan 3000 euro.
De Sybren Hellinga Keunstpriis wurdt om ’e 3 jier útrikt. Galeryhâlder Sybren Hellinga stifte de priis yn 1998 út syn libbensopdracht wei om foarútstribjende keunst oan te fiterjen. De organisaasje fan de priis wurdt dien troch Keunsthûs SYB, mar dy wurdt nei wenst mooglik makke troch de Sybren Hellinga Stichting. Winners fan de foargeande edysjes binne Masha de Vries (1998), Ray Moon (2001), Paulien Oltheten (2004), Lotje van Lieshout (2007), Jetske Verhoeven (2010), Riet Wijnen (2013), Milena Naef (2016), Vytautas Kumža (2019).
Oer Keunsthûs SYB
Keunsthûs SYB bestiet út in tentoanstellingsromte mei wenhûs yn in monumintaal pân midden yn it Fryske doarp Beetstersweach. Op basis fan in projektútstel nûget SYB hjoeddeistige keunstners út om yn in projektperioade fan seis wike yn it hûs te wenjen en nij wurk te ûntwikkeljen. Dêrby leit de klam op nije gearwurkingsferbannen, ûndersyk en eksperimint. SYB Circles is it netwurk fan jonge profesjonele keunstners dy’t as skôgers en programmamakkers yn ’e mande mei de residinten harren praktyk ferkenne en yn publikaasjes (yn de romste sin fan it wurd) diele mei in breed lanlik publyk.
SYB Circles bestiet út:
Josje Hattink
Vanessa van ’t Hoogt
Alina Lupu
Anika Mariam Ahmed
Liza Voetman
Sjuery
De sjuery fan de 9de Sybren Hellinga Keunstpriis bestiet út:
Vytautas Kumža (Winner Sybren Hellinga Art Prize 2019)
Saskia Noor van Imhoff (Keunstner)
Laurie Cluitmans (Curator Centraal Museum in Utrecht)
Sanne Luteijn (Manager The Ekard Residency)
Data
– de kapdatum foar oanmeldin is moandei 8 augustus, 23:59 oere
– yn augustus kiest de sjuery de fiif nominearren
– yn septimber wurde de nominearren yn Keunsthûs SYB útnûge foar in earste oerlis
– op sneon 22 oktober iepenet de tentoanstelling yn Keunsthûs SYB
– de priisútrikking is op 13 novimber 2022 yn Keunsthûs SYB
Dielnimmersformulier
It ynskriuwen foar de priis kin allinnich troch gebrûk te meitsjen fan it digitale dielnimmersformulier. Lês it formulier goed troch foardatst de dokuminten begjinst op te laden.
Njonken in keunstnersferklearring (artist statement) fan maksimaal 250 wurden, moat in portfolio yntsjinne wurde mei minimaal 3, en net mear as 5 keunstwurken. Dy moatte sammele wêze yn 1 PDF – der meie maksimaal 3 films/fideo’s opladen wurde. It PDF befettet omskriuwings oangeande materiaal, jiertal fan produksje, mjitte/tiidsbestek, en in mooglike (koarte) taljochting.
Betingsten
De betingsten om dielnimme te kinnen binne hiir te finen. De organisaasje fan Keunsthûs SYB hâldt him it rjocht foar om keunstners dy’t net foldogge oan de kritearia út te sluten foar dielnimmen.
Mei tank oan
De priis wurdt mooglik makke troch de Sybren Hellinga Stichting, it Mondriaan Fonds, Gemeente Opsterlân en de Van Teyens Fundatie.