31 May o/m 10 July 2022
Sol Archer: Gardening Practices
Residinsje
Sol Archer is fan 30 maaie – 10 july 2022 te gast yn Keunsthûs SYB om in film te meitsjen oer it behear en behâld fan lânskippen en ekosystemen troch te túnkjen.
Mei de botanyske tún fan de 18de en 19de iuw waard it mooglik om in ôfbeakene geografysk gebiet te kreëarjen troch de keunstmjittige konstruksje fan klimaten, lykas tropen, woastyn en berchstreek en alderlei oare frjemdsoarige kriten.
Dat ferskynsel is net beheind ta botanyske tunen en is likemin modern. Sa binne lânbou en gernierkjen al sûnt it ûntstean fan delsettings spesifike foarmen fan oanpassing yn it lânskip. It kreëarjen fan keunstmjittige klimaten, lykas tropen yn ferwaarme kassen en túnhúskes, wie lykwols in nije wize fan behear en behâld dy’t spesifyk rjochte wie op de 19e-iuwske konstruksje fan de natuer as byld en as in kollaazje fan fragminten dy’t út harren oarspronklike kontekst helle wienen. Ûnderwilens kinne wy tûzenen jierren fan reizgjen, hannel, delsettings en kolonialisme ôflêze oan de wize dêr’t in tún op fersoarge wurdt en oan it ûnderhâlden fan de keunstmjittige klimaten dêr’t planten út ferskate hoeken fan de wrâld yn byinoar komme.
Yn syn residinsje yn SYB rjochtet Sol him op it ûnderhâld fan tropyske planten en de relaasje tusken tropysk túnkjen en natuerbylden út de koloniale perioade. Hy wurket gear mei ynwenners fan Beetstersweach en de Tropyske Kas om te ûntdekken hokker kondysjes oft sy kreëarje foar de planten dy’t út alle úthoeken fan ’e wrâld komme en no yn Fryslân groeie kinne. Yn ’e mande mei lokale sjonggroepen makket er dêrnjonken in soundtrack mei 19e-iuwske muzikale transkripsjes fan Braziliaanske bistelûden.
Yn syn einpresintaasje op snein 10 july 2022 is in earste ferzje fan de film te sjen. Keunsthûs SYB is yn de perioade fan Sol syn residinsje iepen op sneon en snein fan 13:00 – 17:00 oere.
Oer de keunstner
Sol Archer (1983) is as keunstner fêstige yn Rotterdam en wurket op de wize sa’t kollektiven en mienskippen harsels konstruearje mei kultuer.
Troch it gearwurkjen mei profesjonele en net-profesjonele groepen, beskôget Sol it moetsjen as in romte foar produksje. Hy wurket almeast mei bewegend byld dat er ynset om in ferdûbeling te produsearjen: wurkje as in kollektive hanneling of mei it wurk in kollektiviteit produsearje as nije wizen fan mei-inoar wêzen.
Sol giet gearwurkingsferbannen oan en hâldt petearen mei mienskippen, wêrby’t strategyen ûntwikkele wurde om de kontrôle oer de represintaasje fan harsels en harren praktiken te ferdielen, mei as doel groepen ta platform te meitsjen en te stypjen foar wa’t kultuer en eigenwillige aktiviteit in foarm binne om identiteit en mienskip op te bouwen.
Oprop
Sol is op ’e siik nei profesjonele en amateurtúnkers út ’e omkriten fan Beetstersweach. Bisto of kensto sa’nien? Hy hat it graach oer wizen fan túnkjen (binnendoar, likegoed as bûten), wat immen wit fan de planten yn de eigen tún, hokfoar omstannichheden foar de planten kreëard wurde om te tieren, en hoe’t dyselde mei de planten libbet.
Hast in tip foar Sol? Stjoer ien e-mail nei info@solarcher.net of nei info@kunsthuissyb.nl.
Dit projekt wurdt mooglik makke troch: