24 February 2022

Wurk Inge Meijer oankocht troch Fries Museum

Nijs

Inge Meijer, 2021

NIJS: Wurk Inge Meijer ûntwikkele by SYB, oankocht troch Fries Museum yn Ljouwert

Inge Meijer ûntwikkele Handkerchiefs en it fideowurk Car Garden ôfrûne simmer by Keunsthûs SYB, en dêrnei wienen de wurken û.o. te sjen op de triënnale Langstme en yn har solofoarstelling Nothing is Something to be Seen by Gallery AKINCI yn Amsterdam.

De wurken binne ûnderdiel fan har residinsje Community Garden; in projekt dêr’t Inge yn gearwurke hat mei in groep frijwilligers fan de Tropyske Kas. Keunsthûs SYB is der grutsk op bydroegen te hawwen oan it ta stân kommen fan dy keunstwurken.

Mei spesjale tank oan: Erik Jepma, Sjoukje Hemminga, Hariët & Jouke Bouma, Antje & Sieb Gorter, Jan & Gepke Harmsma, Durk Schroor, Ria Kesting, Wilma Olthof, Amber de Vries, en alle frijwilligers fan de Tropyske Kas.

Dit wurk is mooglik makke mei de stipe fan: