7 February o/m 20 March 2022

Liza Prins

Residency

Image: 9 herbs charm workshop, 2021. In collaboration with Layla Durrani

Bitterswiet – In ûndersyk nei Tiny Mulder yn wurd en lûd

Liza Prins is de earstfolgjende keunstner dy’t by Keunsthûs SYB te gast is foar in residinsje. Fan 7 febrewaris o/m 20 maart dûkt hja yn it libben en it wurk fan Tiny Mulder.

Tiny Mulder wie skriuwster, dichteresse, sjoernaliste en lid fan it Fryske ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Har steech fêsthâlden oan it skriuwen yn it (Westerlauwerske) Frysk, in taal dy’t allinnich sprutsen en begrepen waard troch rûchwei 700.000 minsken, luts Liza har omtinken as in died fan ferset tsjin (identiteits-foarskriuwende) nasjonalistyske streamings dy’t ferneatiging fan lokale kultueren ta gevolch hienen, yn de jierren 40, mar ek dêrfoar en dêrnei.

Yn de perioade fan har residinsje sil Liza it idee fan taal as ferset ûndersykje, mar ek de Fryske taal as in spesifyk situearre foarbyld dêrfan yn in Nederlânske kontekst en as middel om te begjinnen mei it learen fan (en oer) in net-bûtenlânske minderheidstaal en syn útspraak en lichaamlike diminsje. By it learen oer en mei de Fryske taal sil it wurk en it libben fan Tiny Mulder sawol in wichtich elemint yn de metoade fan ûndersyk as in boarne fan ynspiraasje wêze.

In twadde boarne dêr’t Liza yn dit projekt mei wurkje sil, is in teory dy’t Adriana Cavarero nei foaren brocht yn har boek For More Than One Voice. In teory dy’t beklammet dat wannear’t in filosofy fan de stim útwurke waard (en dat barde net al te faak) dy sûnder útsûndering gie oer de stim as algemien konsept en net oer it spesifike fan it yn it lichaam fielde sprutsen momint. Sy seit dat we wer omtinken besteegje moatte oan it spesifike (gebrûk) fan stimmen en longen en lichem en dêr sels mei teset moatte.

Mei dy praktiken en ideeën yn ’e efterholle wol Liza in workshop/kollektive learûnderfining ûntwikkelje dêr’t dielnimmers it poëtyske wurk fan Tiny Mulder lichaamlik yn fiele sille, wylst in letterlike foarm fan oersetten mijd wurdt en dêrmei ek it geweld dat sa’n oersetting (yn it Hollânsk of Ingelsk) op har wurk útoefenje soe. In twadde elemint dêr’t Liza oan wurkje sil, is in samling teksten yn it Frysk en it Ingelsk, wêrûnder in tal gedichten fan Tiny Mulder, annotearre mei selsûntwikkele oantekens oer de útspraak, in tekst oer Tiny Mulder har libben en wurk as skriuwster en fersetsheldin, in essee oer stimgebrûk en oer in filosofy fan it spesifike fan stim en taal as foarm fan ferset njonken faaks in tal oare wurken, skreaun troch skriuwers yn SYB Circles of oaren, oer de Fryske taal, (oer) Fryske gedichten, of oare op wurden basearre wurk dat draait om de tema’s dy’t Liza ferkent.

Njonken SYB Circles sil Liza gearwurkje mei Ed Knotter om in byld te krijen fan de tonaliteiten dy’t yn Fryske stimmen ta utering komme, de skiednis fan it Frysk en (non-)oersettings. Sy sil ek wurkje mei en besiten bringe oan Tressoar, it argyf dat in protte skatten herberget as it giet om Fryske taal en kultuer, wêrûnder lûdsopnamen fan Tiny Mulder.

Oer de keunstner

Liza Prins is keunstner, ûndersiker en skriuwer, fêstige yn Amsterdam. Sy waard oplaat as keunstner oan de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam en oan the School of the Art Institute of Chicago en studearre ôf mei in master yn Artistic Research oan de Universiteit fan Amsterdam, dêr’t har skripsje rjochte wie op de reitsflakken tusken feministyske, nij materialistyske metodology en performative artistike praktiken. Har hjoeddeistige wurk rjochtet him op it op ’e nij ynterpretearjen en wurdearjen fan foarmen fan arbeid dy’t faak as froulik kodearre wurde. Fia mienskiplike en persoanlike teksten en performative wurken wiist hja op dy praktiken, dy’t nei de marzjes fan de maatskippij ferkrongen binne omdat dy, yn de eagen fan in agressive kapitalistyske ideology, gjin diel útmeitsje fan de foarútgong, of dêr sels in gefaar foar foarmje. Yn resinte wurken is de fokus by har in bytsje ferskood fan de arbeid nei de op stim basearre praktiken dy’t ûntwikkele waarden yn ynteraksje mei it wurk, fakentiids as in foarm fan ferset, lykas dat it gefal wie mei de wurklieten fan de yndustrialisaasje. Har wurk is ûnder oare tentoansteld yn Nieuw Dakota in Amsterdam, Stedelijk Museum Bureau Amsterdam, Hotel Maria Kapel yn Hoarn, The Roger Brown house yn Chicago. Har teksten binne publisearre yn akademyske en minder-akademyske tydskriften, boeken en blêden, lykas Metropolis M, Snaky Zine, ANTENNAE en Platform Taak. Yn 2019 krige hja in jong talint-beurs fan it Mondriaan Fonds.

 

It projekt wurdt mooglik makke troch: