Open Call 2023 & 2024
Kapdatum: 6 februari 2022, 23:59 oere
Keunsthûs SYB siket nije projektútstellen foar de programmearring fan 2023 en 2024, fan byldzjend keunstners dy’t yn Nederlân wenje en wurkje.
Keunsthûs SYB is in iepen, gastfrije ‘artist residency’; in tydlik wen- en wurkplak foar byldzjend keunstners yn Beetstersweach (gemeente Opsterlân), dêr’t eksperimint, ûndersyk, ûntjouwing en gearwurking sintraal steane. Keunsthûs SYB biedt middels en mooglikheden; residinten krije tiid, romte, budzjet, feedback en stipe om in nije stap stte te kinnen yn harren wurk. Keunsthûs SYB bestiet sûnt 2000, en hat sûnt dy tiid foar in protte keunstners in wichtich ûntwikkelingsplak west. Keunsthûs SYB wurdt struktureel stipe troch it Mondriaan Fonds en de Provinsje Fryslân.
Selektearre keunstners wurde útnûge om seis wike n it hûs oan de Haadstrjitte, midden yn de buorren op ’e Sweach, te wurkjen en te ferbliuwen. Alle wikeinen binne de doarren fan SYB iepene foar publyk, dat doarpsbewenners en belangstellenden de kâns krije it wurkproses te folgjen. De wurkperioade wurdt ôfsletten mei in presintaasje.
Beetstersweach leit tusken Drachten en It Hearrenfean, yn de Fryske Wâlden: in iuwenâld kultuerhistoarysk lânskip dat foarme is troch de histoarje en de wize fan libjen en wurkjen fan de bewenners. It doarp sels telt 3500 ynwenners. It lokale netwurk fan SYB biedt tagong ta alderlei ynstellings mei bysûndere (âlde, ústjerrende, spesifike) kunde en kennis (lykas it riedflechtmuseum, kwekers fan âlde lânseigen siedden, de tropyske kas, boerebedriuwen ensfh.); kulturele organisaasjes dy’t in wichtige regionale funksje hawwe, lykas Tresoar of musea yn ’e omkriten; ien grut netwurk fan Noard-Nederlânske keunstynstellings en keunstners én kontakt mei de Noard-Nederlânske keunstakademy (Minerva, Grins) en de Ryksuniversiteit Grins.
Foar de programmearring fan 2023 en 2024 is SYB op ’e siik nei keunstners of keunstnerduo’s dy’t in projekt útfiere wolle om in nije stap te setten yn de ûntjouwing fan harren wurk, of dy’t de romte en omkriten fan SYB brûke wolle om ambysjes te realisearjen dy’t op in oar plak net te realisearjen binne.
Wat achtsje wy fan belang?
Njonken kritearia lykas kwaliteit en útsûnderlikens jouwe wy de foarkar oan projektútstellen dêr’t dúdlik út bliken docht wêrom oft it projekt spesifyk yn SYB (en omkrite) útfierd wurde moat. Dêrnjonken sjogge wy graach dat keunstners in ynhâldlike gearwurking oangean binnen it projekt. Dat kin mei in publyk wêze (bygelyks in skoalle, feriening of spesifike doelgroep), in eksterne partner (lykas in spesifike organisaasje, ûndernimmer of wittenskipper), of ien of mear keunstners.
Mei de residinsje wol SYB benammen de produksje en ûntwikkeling fan nij wurk troch ûndersyk en eksperimint befoarderje. Dat betsjut dat der by it ferbliuw fan de keunstner romte is foar nije kear en/of oare útkomsten as bedoeld. De einpresintaasje fynt plak yn it lêste wykein fan de residinsje, en slút oan by de ûntwikkeling fan it projekt: it kin dus de foarm krije fan in tentoanstelling, artist talk, rûnlieding of wat oars.
SYB biedt:
- in fergees wen- en wurkplak yn de residinsje-perioade: it hûs bestiet út in grutte wurk- en eksposysjeromte op de begiene grûn, in wenkeuken en wenkeamer op de earste ferdjipping, twa sliepkeamers en in badkeamer op de twadde. Der binne fjouwer fêste sliepplakken. Efter it hûs leit in tún. Besjoch hjir de foto’s fan de begiene grûn;
- in honorarium (100 % fan de rjochtline keunstnershonoraria by it takennen fan subsydzje-oanfragen);
- ynhâldlike feedback en belutsenheid;
- ynhâldlike refleksje op it projekt troch SYB Circles yn ’e foarm fan in essee, podcast, fraachpetear of besprek;
- marketing en kommunikaasje (advertinsje, sosjiale media, webstek, nijsbrieven);
- in (ein)presintaasje yn SYB (sjoch boppe);
- dielname oan de Triënnale fan Beetstersweach (in 2024);
- de mooglikheid om oaren út ’e húshâlding mei te nimmen nei de residinsje: der is in ledikant en in tafelstoel en Keunsthûs SYB tinkt graach mei om in ferbliuw mei in húshâlding mooglik te meitsjen.
Hawwe jo oare fragen oer de fasiliteiten dy’t SYB biedt? Nim dan kontakt op mei info@kunsthuissyb.nl.
Oanmeldproseduere:
De oanmelding foar in residinsje yn SYB bestiet út*:
- In projektplan dêr’t it ûndersyk, it doel, de wurkwize en de winske gearwurking yn definiearre wurde (maks. 1000 wurden). Jou yn it útstel oan wannear’t jo yn 2023-2024 beskikber wêze soenen foar in residinsje yn SYB.
- Dokumintaasje (PDF) ynclusyf in keunstnersferklearring (artist statement) (maks. 600 wurden)
- Motivaasjebrief; de reden foar jo ynteresse yn in residinsje yn SYB en op hokfoar wize oft jo jo wurk of praktyk ûntwikkelje wolle yn de residinsje yn SYB (maks. 500 wurden/ 1A4)
- In CV foarsjoen fan de neikommende ynformaasje: folsleine namme, bertedatum en berteplak, nasjonaliteit, wen- en wurkplak.