CIRCLES | Duvelbanner
Carmen Schabracq en Vanessa van 't Hoogt
Vanessa van ’t Hoogt schreef in het kader van SYB Circles een essay over het werk van Carmen Schabracq.
Het essay is het resultaat van gesprekken tussen hen beiden en is geschreven vanuit Vanessa’s eigen fascinatie en onderzoek als promovenda bij de afdeling Kunstgeschiedenis en Materiële Cultuur (RuG). Haar onderzoek is onderdeel van het NWO-project Curious Hands. Moving Making to the Core of Education en richt zich op de manier waarop ‘maken’ wordt geleerd en onderwezen in educatieve werkplaatsen.
De Friese vertaling is gedaan door Ed Knotter. Een mooi vormgegeven exemplaar, gemaakt door Sverre van der Velde (student vormgeving Academie Minerva), is verkrijgbaar bij Kunsthuis SYB zodra we weer open mogen!
Duvelbanner – dêr’t hân, holle en hert har ferienje
Hân
Krekt foardat Faust de duvel Mephisto yn de ferneamde trageedzje fan Johann Wolfgang fan Goethe foar it earst moetet, freget Faust oft werklik ‘yn it begjin it Wurd ’ wie, sa ’t dat yn de bibel steld wurdt. Nei’t Faust ‘de geast’ en ‘de krêft’ as alternativen ôfskreaun hat, komt er ta de konklúzje: Yn it begjin wie de died! Sa ek foar Carmen Schabracq. Sy begûn har residinsje by Keunsthûs SYB mei it skilderjen fan in slang. In foarstelling basearre op dy fan in beskildere tegel, oanwêzich yn it âlde part fan it gebou. Net folle tegels binne bewarre bleaun en de slangetegel is dan ek de iennichste dy’t in bist ôfbyldet, eat dat Carmen fuortendaliks oanspruts. De slang is neist in beam ôfbylde wat by har assosjaasjes mei it paradys en de ferdriuwing fan Adam en Eva oprôp, en har tinken die oan histoaryske foarstellings fan it paradys, wêrby’t de slang in frouljusholle hat.
Troch hast daliks dat wurk te skilderjen, koe Carmen al meitsjende de lokaasje ferkenne, in relaasje mei de romte oangean en in begjin meitsje mei har ûndersyk nei grotesken (grottesco)*. In oermjittige en fantasyrike ornamintfoarm, dy’t faak symmetrysk, opinoarsteapele, ferweve, grillich, bizar, meunsterachtich, mar ek karikaturaal en ridikúl is. Omdat maskers in yntegraal motyf fan dy ornamintfoarm binne, slút dat naadleas oan by it trochrinnende ûndersyk fan Carmen nei maskerade en spesifyk nei de duvel. Sawol it ferkennen fan de groteske styl as ek it preparearjen fan de doeken mei swarte doffe gesso (gips), late Carmen ta in nije wize fan skilderjen. De ûntstiene duvelske maskers binne net út fervelagen opboud en ticht skildere – sa’t Carmen normaal te wurk giet -, mar krekt flot en iepen opset. De ûndergrûn is sichtber en de maskers lykje hast út it tsjuster foar it ljocht te kommen. De kennis fan har hannen, hoe it pinsiel te bewegen om fariearjende linen delsette te kinnen, stelt Carmen by steat om mei dy foar har ûnbekende skilderstyl te eksperimintearjen.
Neist twadiminsjonale represintaasjes makket sy ek trijediminsjonale maskers fan papier-masjee en tekstyl. Yn de residinsje by SYB is Carmen in ekstra materiaal en technyk begûn te ferkennen, it wylgeflechtsjen. By it learen fan dat ambacht koe se net in berop dwaan op de kennis fan har hannen, mar wol op de begelieding fan de betûfte flechter Jannie Hakman. Der kaam in soad by te sjen: njonken it tarieden fan it wylgeriis (weakje yn wetter), it bewurkjen fan de tienen (ferskillende frisseltechniken) en it brûken fan ark, spilet ek tiid in wichtige rol. It flechtsjen fan bygelyks in koer of in dekoratyf frisselwurk, lykas in masker, moat ôfrûne wurde wylst de wylgetienen noch wiet binne. Carmen is de útdaging oangien om mei faasje in ambacht te learen en har dat op sa’n wize eigen te meitsjen dat se de oanlearde techniken ynsette kin om maskers te kreëarjen. It ambacht fan it flechtsjen is op ferskate flakken mei har ûndersyk nei grotesken ferbûn. Net allinne yn de foltôge maskers, mar ek yn de symmetry en de opinoarsteapelingen fan sawol de ornamintfoarm as ek it wylgeflechtsjen. Dêrnjonken is Carmen in opmerklike fisuele konneksje tusken de wylgetûken en de grotesken yn de lokale omkriten tsjinkommen: Iere tweintichste-iuwske Fryske grêfstiennen binne mei symmetryske wylgetûken dekorearre.
Holle
It eksperimintearjen mei in ûnbekende wize fan skilderjen, it learen fan in ambacht en it fisuele ûndersyk nei grotesken geane lykop mei in tematysk en konseptueel ûndersyk nei maskers, de deale, lokale ferhalen en archetypen (bygelyks de koer as archetypysk objekt ). Literatuer bestudearje, mei minsken prate, koartsein mear teoretysk ûndersyk dwaan en yn ‘e holle sitte, easket in oare hâlding en oanpak as it praktyske ûndersyk. Suver krekt-en-allyk as it stalwikseljen fan Mephisto yn Faust – bygelyks fan swarte poedel nei reizgjende studint – is Carmen op ûnderskate wizen ûndersyk oan it dwaan. En dochs beynfloedzje it meitsjen mei de hannen en it tinken mei de holle inoar. Se binne ûnskiedber mei-inoar ferbûn; se binne ien, krekt as de poedel en de studint ek beide de duvel Mephisto binne. It skilderjen fan de slang bygelyks, is ynearsten in manier om de residinsje yn te lieden, letter wurdt der troch Carmen betsjutting oan jûn en ferbannen lein mei it tematyske ûndersyk. Minsken brûke bistemaskers en skriuwe geregeld yn ferhalen minsklike eigenskippen oan bisten ta. Dêrom fynt Carmen it opfallend hoe ‘t yn de histoaryske ôfbyldingen fan Adam en Eva de slang krekt in frouljusholle hat en dêrmei de maskerade omdraaid is: it bist fermommet him as minske. Faak liket de frouljusholle fan ‘e slange op it gesicht fan Eva en is it as sjocht Eva yn ‘e spegel. Sit it kwea miskien wol yn harsels? ‘Pas mar op ast yn ‘e spegel sjochst, want miskien sit Hantsjepik (de duvel) derefter!’ ( Nie in de spiegel kieken, anders krieg j’n klap van joosje pek) Yn dat Siuwske sechje fûn Carmen in ferbân tusken de duvel en de spegel dy’t har ek ta de fraach brocht: Sit it kwea yn ússels? Wat sjochsto ast yn de ‘hoarne’ spegel sjochst? Bisten lykas de slang, mar ek de bok wurde faak yn ferbining brocht mei it kwea. De bok wurdt wol as de foarrinner fan de duvel beskôge; tink bygelyks oan Pan, de Grykske god fan de natuer dy ‘t de kop (ynklusyf hoarnen) en poaten fan in bok en it boppelichem fan in minske hat. Carmen is fassinearre troch dy foarkristlike foarmen fan ‘e duvel, omdat dêryn ek de boartlike kant derfan nei foaren komt. It ûnferwachte, ûnfoarsisbere hâlden en dragen – it springen as in bok. Yn har ûndersyk nei de duvel kaam se ek gauris duvelbanners tsjin (duivelbezweerders, duiveluitdrijvers). Duvelbanners wiene faak boeren dy’t fierder seagen as wat rasjoneel te ferklearjen wie en dêrtroch as in soarte fan tsjoenders (magiërs) beskôge waarden. Yn gefal fan sykte waarden sy derby helle om de kweageasten te ferdriuwen. Dy geasten te ferdriuwen troch se bygelyks kjel te meitsjen mei har eigen byld yn de foarm fan maskers. Feitlik te dwaan en sjen te litten wêr’tst sels bang foar bist, fynt Carmen yntrigearjend, om’t it wer de komyske kant fan it kwea beklammet. It skilderij Boogy Man ferbyldet dy boartlike kant fan de duvel en bringt dêrneist de symmetry fan de wylgetûken en de iepen wize fan skilderjen, foar it earst tapast foar de grotesken, byinoar. Boe!
Hert
Carmen har oarspronklike yntuïtive kar foar in swarte matte ûndergrûn fan de skilderijen, it wurkjen út it tsjuster wei yn stee fan it ljocht, slút ek oan by har tematysk ûndersyk. Lokale folksferhalen oer de duvel en it ferdriuwen fan kweageasten binne ûnskiedber mei dizze tiid fan it jier – de wintermoannen – ferbûn en mei de eangst dat it ljocht net mear weromkomme soe. Njonken de duvel skrikke te litten troch maskerades, is ek it meitsjen fan leven in wichtich middel om de kweageasten te ferdriuwen. It Sint-Thomaslieden, yn it ferline ‘Diveljeije’ neamd (duvels fuortjeie), is in tradysje dy’t alle jierren op de koartste dei fan it jier, 21 desimber, plakfynt. Oarspronklik waard tsien dagen lang Oan ien tried wei kloklet, oant en mei 31 desimber, om sa de geasten te ferdriuwen, dy’t de dagen koartsje en it weromkommen fan it ljocht tsjinhâlde. Dy tradysje wurdt benammen yn Súdeast-Fryslân, bygelyks yn Ketlik, yn eare holden. Dêr mei elkenien tusken 7.00 en 22.00 oere fan 21 oant 31 desimber de klok fan de frijsteande klokkestoel liede en dêrmei bydrage oan it fuortjeien fan de kweageasten.
Carmen Schabracq stribbet dernei om soksoarte fan lokale ferhalen nij libben yn te blazen, omdat hja de rike ferbyldingskrêft en fantasyrike bylden en ferhalen toane wol dy ‘t anneks binne oan it omgean fan minsken mei djipbewoartele gefoelens, lykas de eangst foar it tsjuster, it kwea en de dea.
*Yn ‘e literatuer, ien fan ‘e aspekten fan it stripferhaal, basearre op in opsetlike disproporsjonearring fan ‘e gearstallende eleminten fan in dramatysk momint.