9 November 2021 o/m 15 January 2022
Carmen Schabracq – Duvel Banner
Definitive presintaasj ferpleatst!
Spitigernôch is de definitive presintaasje fan Carmen ferpleatst.
Carmen Schabracq wol it ambacht fan it frisseljen tapasse yn nij te ûntwikkeljen skulpturale maskers, dy’t basearre wurde op lokale skiednissen, folksferhalen út ’e widere omkriten en in protte âldere mythen en sêgen fan Fryslân. In begjinpunt yn it ûndersyk is har fassinaasje foar de duvel; in archetype dêr’t Carmen faker mei wurket. Se sil har ferdjipje yn klokkestuollen en oare âlde brûkmen fan Fryslân.
It masker en it portret foarmje in faak weromkommend tema yn Carmen har wurk, dêr’t hja de kompleksiteit fan de minsklike identiteit en har eigen ‘rol’ as froulike keunstner mei ûndersiket. It masker is in helpmiddel yn in ritueel of performance om ‘de oar’ te wurden en dêr spilet hja op ûnderskate wizen mei. Har personaazjes kinne yn har wurk eltse identiteit oannimme en har yn aldlerlei soarten fan kleurrike tastannen of romten befine.
Carmen wurket yn har residinsjeperiaode gear mei Jannie Hakman. Jannie wurket al mear as 20 jier mei de âlde technyk fan it flechtsjen mei wylgeriis. Ûnderwilens hat hja har eigen “Vlechtschuur”, dêr’t hja geregeld workshops jout. Har earste workshop hat hja folge by it Nationaal Vlechtmuseum Noordwolde, dêr’t Carmen ek in besite oan bringe sil.
De frissele maskers en ferhalen komme werom yn nije skilderijen dy’t Schabracq ynsette wol as in soarte fan fisueel neifertellen. De einprodukten binne ein desimber yn in tentoanstelling te sjen. Yn de perioade fan Carmen har residinsje is Keunsthûs SYB op sneon en snein fan 13:00 – 17:00 oere iepen – ûnder foarbehâld fan de maatregels oangeande it koroanafirus.
Carmen Schabracq is berne yn Amsterdam (1988), dêr’t hja no wennet, wurket en har BFA behelle hat oan de Gerrit Rietveld Academie yn 2012. Yn 2015 behelle hja har MFA (teäter/kostúmontwerp) oan de Koninklijke Academie voor Schone Kunsten Antwerpen, mei har ûndersyk en wurk Naakte Maskers (Neakene Maskers). Se wurket yn ferskillende media en makket benammen skilderijen en maskers; fan papier-masjee, haakt fan wol of makke fan oar tekstyl. Somtiden manifestearje dy maskers har yn skulpturale ynstallaasjes, foto’s en performances of se komme werom yn har skilderijen. Har wurk is in trochrinnend ûndersyk nei maskerade en it idee fan portret – de ynderlike siel fan in persoan yn oerienstimming mei syn bemaskere realiteit. Sa die hja yn 2019 in artist in residency yn Casa Lü yn Mexico City dêr’t hja wurk makke oer lokale maskers en de kultus oangeande de dea. En ferbleau hja yn 2020 yn de AiR fan it Vincent van Goghhuis yn Zundert, dêr’t hja ûndersocht oft in (skildere) portret in foarm fan masker wêze kin dat de ynderlike steat fan de ôfbylde persoan bleatjout (‘ûntmaskeret’.).