19 May o/m 30 June 2021

Lotte van der Woude: Anthonio Maria

Residinsje

Yn maaie en juny is Lotte van der Woude te gast yn Keunsthûs SYB. By har ferbliuw yn SYB docht Lotte ûndersyk nei de skiednis fan de Fryske skipfeart oan ’e hân fan har eigen skip, de Anthonio Maria út 1905 en famyljeskiednis.


SYB is elk wykein iepen fan 13.00 oant 17.00 oere
Finale presintaasje: 27 juni om 15:00 oere (registrearje asjebleaft fia e-post)
Tidens de lêste presintaasje jout Lotte in ynlieding oer har ûndersyk en wurk.

Lotte is opgroeid op it skip en waard twa jier lyn de eigner. De Anthonio Maria wie yn minne kondysje en is ôfrûne jier yngeand restaurearre troch in werf op ’t Hearrenfean. Foardat de ferbouwing úteinsette, fûn se yn de masinekeamer in plestik pûde mei âlde foto’s. It die bliken dat it famyljeportretten wienen. Nei ûndersyk kaam Lotte derefter dat sawol it skip als sysels anneks binne mei in hiel âlde skippersfamylje út ’t Hearrenfean, Jobbegea, Snits en Hylpen; de famylje Eijer en Van der Woude.

De kommende seis wiken is Keunsthûs SYB it poadium fan âlde skippersferhalen. Lotte ûndersiket mei help fan it Frysk Skipfeart Museum yn Snits de skiednis fan har skip as sylskip, motorskip en de hjoeddeistige funksje as wenarke. Sy sil ek sibben en oare belutsenen ynterviewe oer de skiednis fan it skip en de Fryske skipfeart. De hûd fan de Anthonio Maria wurdt lêzen as in sosjaal-politike skiednis dy’t begûn yn izer, mei klinksels ferbûn, en einige yn laske stielwurk. In hûd, tekene mei spoaren fan minsklike ûnachtsumens, wylde boattochten en somtiden einleaze wriuwing mei itselde. Lotte ferwurket har ûndersyk dêrom net allinnich yn audio- en fideofragminten, mar ek yn in romtlike ynstallaasje.

Oer de keunstneresse
Lotte van der Woude (Amsterdam, 1986) is ôfstudearre as politikologe en byldzjend keunstner. As bern fan twa teatermeiwurkers siet hja faak fan de sydkant fan it toaniel ôf de útfiering te besjen. De foarstelling wie foar har altyd twaliddich: oan ’e iene kant op it poadium en oan ’e oare kant wat him op itselde stuit efter de kûlizen ôfspile. Tsjintwurdich makket Lotte eksperimintele dokumintêren en dêrby makket hja it proses foarôfgeand oan de foarstelling ta haadtema. It is har doel om in sichtber einresultaat net as fêststeand feit te sjen, mar as in ta stân kommen oerienkomst fan ferskillende belangen of yn guon gefallen in útkomst fan in histoarysk proses. Lotte lit yn har wurk sjen hoe’t in foarstelling opboud is en hopet dêrmei in poadium te bieden oan de mooglike lekken en brekken yn ûnderlizzende beslútfoarmingsprosessen.

Oprop
Foar har ûndersyk is Lotte op ’e siik nei minsken dy’t wat fertelle kinne oer it skippersferline fan de famylje Eijer en Van der Woude. Hawwe jo mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Lotte van der Woude: lottevanderwoude@gmail.com.

Dit projekt wurdt mooglik makke troch: