Nije koördinator: Gisanne Hendriks
Keunsthûs SYB is bliid mei de oanstelling fan koördinator Gisanne Hendriks! Sy sil har foar Keunsthûs SYB dwaande hâlde mei it begelieden fan de keunstners by harren residinsjes, en mei de produksje fan einpresintaasjes en oare eveneminten lykas de Triënnale (september 2021). Gisanne wennet yn Baard, by Ljouwert. Njonken har funksje as koördinator by Keunsthûs SYB wurket hja as produsint foar ferskate tentoanstellings en projekten.
Gisanne Hendriks (1989, Ljouwert) behelle yn 2014 har bachelor Foarmjouwing Kommunikaasje oan Academie Minerva en yn 2021 har master Curatorial Studies oan de Ryksuniversiteit Grins. Fan 2015 oant 2018 late hja it mentorprogram ABOUT:BLANK foar keunstners yn Noord-Nederland. Dêrnjonken produsearre hja û.o. in tentoonstelling by it CBK yn Grins, râneprograms by de eineksamententoonstelling fan Academie Minerva, en hat hja ferskate opdrachten útfierd as selsstannich boekûntwerper. Nei har master, mei in staazje by museum De Pont yn Tilburg as ôfsluting, folge hja in staazje by VHDG (Voorheen De Gemeente) yn Ljouwert dy’t hja yn juny ôfrûnje sil.