1 April o/m 16 May 2021

Caz Egelie & Jesse Strikwerda: A Smoker’s Theatre

Residinsje

Scene 1. Achter het rookgordijn komt een verteller vandaan, handen uitgestrekt, het toneel op dat de eerste keer lijkt op een marktstraat, een andere keer op kleurrijke gevangeniscel. “Geloof mij” wordt, volgens het script, door de verteller geproclameerd.

[…]

Verteller: ik stel me een verhaal voor met zo’n uitgestrektheid, zo’n enorm vermogen en zo’n allesomvattend plot dat het geen enkel verhaal, standpunt of gebeurtenis kan uitsluiten.

[…]

Vogelspotter: oh wauw.

[…]

Vogelspotter: huh oh!

[…]

Ziener: De roddels verspreiden zich, de generatie slaan zichzelf over en de helden keren niet terug.

[…]


Yn april en maaie binne Caz Egelie en Jesse Strikwerda te gast yn Keunsthûs SYB. Yn dy tiid wurkje se gear om dekôrs en ynstallaasjes te meitsjen dy’t in rol spylje yn in feroarjend toanielstik, dêr’t hieltyd oare akteurs in rol yn spylje. Dêrby basearje sy har op de tradysje fan ús Iepenloftspullen, fragen om de identiteit fan de keunstner hinne en Bertold Brecht syn ideeën oer The Smoker’s Theatre. Harren projekt sil (ek yn ferbân mei de jildende koroana-maatregels) liede ta in film dy’t oan ’e ein fan de residinsje yn SYB, fan 13 oant en mei 16 maaie te sjen wêze sil.

Caz Egelie (1994) makket ynstallaasjes, performances, twadiminsjonale wurken en fideo’s. Dêryn kombinearret er in multydissiplinêre fisuele vokabulêr mei in konseptuele beneiering, dy’t útskaait nei teäter en performativiteit. Troch te ferwizen nei de keunstskiednis en nei oare keunstners, en troch net gongbere wizen fan produksje en presintaasje yn te setten, spilet Caz in pingpongspul mei echt en sabeare, feit en fiksje, reproduksje en ‘de hântekening fan de keunstner’. Troch soksoartige klassifikaasjes te ûntkennen, leveret Caz ynstitúsjonele krityk út ’e posysje wei fan de nar, mei wat jo by eintsjebeslút in ‘ynstitúsjonele grap’ neame kinne soenen.

Jesse Strikwerda (1991) makket ynstallaasjes en skulptueren dêr’t de maakberens fan de werklikheid yn sintraal stiet. It útgongspunt foar dat ûndersyk nei in byld wurdt foarme troch it ûntraffeljen fan de ferskillende lagen fan in konstruearre werklikheid. Konstruksjes wurde omsmiten, optild, weistoppe en toand oan it publyk. Efterkleden wurde foarinoar hongen, as maskearring fan de ûnderlizzende struktuer, en dêrnei troch de keunstner wer opkrige om dyselde struktuer fan in poadium te foarsjen. Eleminten út ’e werklikheid (boumaterialen, feestartikels, fûne foarwerpen) wurden ôfwiksele mei bylden (tekenings, stripeftige eleminten en klaai-objekten), dêr’t in spannend spul troch ûntstiet dêr’t op in boartlike wize pynlik dúdlik yn wurdt dat alles makke én ôfbrutsen wurde kin.

It projekt wurdt mooglik makke troch: