1 February o/m 14 March 2021
Janne van Gilst
Raamexpositie 13 en 14 maart 2021
Yn febrewaris en maart is Janne van Gilst te gast yn Keunsthûs SYB. Út SYB wei sil sy op ’e siik nei miltfjoerboskjes. Miltfjoerboskjes binne lânskipseleminten dy’t benammen yn de noardlike provinsjes fan Nederlân foarkomme. Se binne faak te finen yn hoeken en hernen fan greidlannen, isolearre troch in sleat deromhinne. Mei stipe fan geograaf dr. J.H.P. van der Vaart giet Janne van Gilst op ’e siik nei dy boskjes.
Sy wol dy fêstlizze op foto’s, dy’t se yn SYB ôfprintsje sil mei ûnderskate techniken: troch te eksperimintearjen mei fotografyske printtechniken dy’t stadichoan ferdizenje (syanotypy, kallitypy) siket se in parallel mei de registraasje en betsjutting fan de miltfjoerboskjes: neigeraden dat de tiid ferstrykt sille dy ferfoarmje of ferdwine.
Miltfjoerboskjes
Oant yn de 19de iuw waard fee dat besmet wie mei miltfjoer faak begroeven yn de fierste hoeke fan ’e greide. Der waard dan faak in sleat omhinne groeven of in freding sa oanbrocht, dat sûn fee der net mear by komme koe en de miltfjoerspoaren net mear ferspraat wurde koenen. Omdat de miltfjoerbaktearje iuwenlang ûnder de grûn oerlibje kin, binne de boskjes noch altyd gefaarlik. Kennis oer plakken dêr’t dy boskjes har befine is nea registrearre, mar wurdt fan generaasje op generaasje binnen de boeremienskip trochjûn.
Wat oerbliuwt binne lytse eilantsjes net oantaaste natuer, dêr’t al iuwenlang gjin minske mear west hat. De ferhalen oer dy boskjes binne in eigen libben begûn te lieden. Minsken út ’e omkriten witte dat se gefaarlik binne, mar faak net mear wêrom. Dat makket de heimsinnigens derfan allinnich mar grutter.
Oer de keunstner
Fotograaf Janne van Gilst (Colijnsplaat, 1991) groeide op op it eilân Noard-Bevelân yn Seelân. Dêr ûntwikkele sy in bewustwêzen fan it lânskip dat om har hinne leit. Sûnt har stúdzje Dokumentêre Fotografy oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach fotografearret se har feroarjende omjouwing. Sa reflektearret se op de kulturele tiidgeast en hoe’t dy him ferhâldt ta de wize dêr’t wy ús omjouwing op foarmjouwe en belibje. Earder wurke sy oan projekten oer streekferhalen, lânboutradysjes en de oanstriid fan de minske om it lânskip te behearskjen en te betwingen. Har wurk wurdt geregeld lânlik en ynternasjonaal publisearre en eksposearre.
Oprop
Omdat de plakken dêr’t de miltfjoerboskjes te finen binne net registrearre stean, maar allinnich troch oerleveringen binnen de mienskip lokalisearre wurde kinne, docht sy in oprop: Witte jo in miltfjoer- of pestboskje te lizzen yn Noard-Nederlân? Of kenne jo dêr ferhalen oer? Nim dan kontakt op mei Janne fia jannevangilst@gmail.com of 06-13547778.