#nietonderdezaaglijn

#nietonderdezaaglijn

Yn ’e mande mei noch 13 Nederlânske keunstynstellings is Keunsthûs SYB, nettsjinsteande in posityf advys fan de kommisje fan it Mondriaan Fonds, ûnder de seachline (‘onder de zaaglijn’) bedarre, omdat it budzjet net foldwaande wie.

Mei de aksje #nietonderdezaaglijn wolle se minister Van Engelshoven oproppe om it budzjet foar presintaasje-ynstellings dochs noch sa te ferheegjen, dat we trochgean kinne mei ús keunstners te beteljen en dat de sektor bliuwend fersterke wurdt. It hiele pleit is te lêzen op http://nietonderdezaaglijn.nl.