Fjouwerjierrige finansiering foar SYB

Nieuws

Kunsthuis SYB is een monument en staat ook bekend als 'Het Huis met Arend' - foto: Historisch Beetsterzwaag

Keunsthûs SYB is ôfgryslik wiis mei it takennen fan in fjouwerjierrige finansiering troch de provinsje Fryslân. Keunsthûs SYB kriget de bydrage fan € 30.000 yn ’t jier fan 2021 – 2024 foar in program fan residinsjes, eksposysjes en eveneminten wêrby’t de kommende jierren in klam leit op talintûntwikkeling en it oangean fan ferskate Fryske en (ynter)nasjonale gearwurkingen. De oanfraach waard beoardiele troch in ûnôfhinklike kommisje.

Út it advysrapport [adviesrapport]: “Keunsthûs SYB leveret mei syn ûnderskiedende talintûntwikkelingsprogram, eksposysjes en oare aktiviteiten in goede bydrage oan de hjoeddeistige byldzjende keunst yn Fryslân en it Noarden.”

It takennen fan fjouwerjierrige finansiering foar musea en keunstorganisaasjes is nij foar de provinsje Fryslân. It komt wei út de yn 2019 fêststelde beliedsnota Nij Poadium 2021- 2024. Yn dat plan steane ambysjes foar keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed. De provinsje rjochtet har dêrmei op in bloeiend kultureel libben dat soarget foar beweging yn de Fryske mienskip.