Circles | Hoe binne jo dan echt?
Liza Voetman & Petra Ponte
Dizze tekst giet oer kontekst. En dan spesifyk oer it jinsels thús fielen yn in kontekst dy’t jin net eigen of oars is. Jo kinne wearde hechtsje oan in kontekst oars as it bekende, it eigene, mar de fraach is: Hoe geane jo dêrmei om?
It hoe fan dat omgean mei in foar jo ôfwikende kontekst, wannear’t jo dêryn ferkeare of ferkeare wolle, stel ik yn dizze koarte skôging sintraal, nei oanlieding fan de wurkperiode fan ûndersiker Petra Ponte yn Beetstersweach. Yn har persoanlike syktocht stelt Ponte de fraach oft en yn hoefier’t it wurk en libben fan keunstenaresse Nola Hatterman (1899-1984) en dejingen dy’t har ynspirearren – dêrûnder frijheidsstrider Boni (sa. 1730-1793) – harsels en oaren no ynspirearje kin. Sy rekket foar my dêrmei de fraach nei it hoe fan sosjale relaasjes yn feroarjende konteksten.
Doe’t ik koartlyn wat kroaskjend fan it wurk werom nei hûs ta dangele kaam ik by de bekende fiifsprong lâns yn de stêd. De fiif smelle strjitsjes markearje it sintrumhert. Twa dêrfan hawwe in kafee op ’e hoeke. Ien hoeke bestiet út in studintehûs, de oare rint út yn in leaze, iepen romte dy’t ea foar parkje trochgie en de lêste yn in winkelpân. As jo dêr fytse, rinne of autoride, is it altyd oppassen. It publyk op de fiifsprong moat dan sels sjen út te finen wa’t as earste trochgiet, en wa’t geduldich wachtet. En dochs barre der suver gjin ûngemakken. Krekt omdat elts nei de oare fjouwer perspektiven op de wei sjocht, boppe de eigen strjitte útstiicht en it kommende ûngemak al besiket oer te sjen. We tinke dus simpelwei om inoar.
Konfliktsituaasjes| Ponte en ik treffe inoar op snein 17 novimber 2019. Sy wurket no in foech wike yn it gastatelier oan har ûndersyksprojekt Nola & Boni en hat de muorren fan SYB behongen mei krantestikken, dêr’t in rigelmannich yn giel markearre binne. Wy gean sitten op de houten bank dêr’t kessens yn dellein binne. Hjoed sil Ponte yn petear mei Ellen de Vries (publisist en ûndersiker) en Marieke Zwart (keunstner) lykas dat yn it hûs fan Hatterman doedestiids barde: as in plak foar gearkommen, om te praten, te harkjen en te iten en drinken. It is waarm binnendoar. Der sweeft rook fan beantsjebrij út ’e keuken wei. In beskieden groep minsken harket nei it petear, ûnderstipe mei byldmateriaal fan it wurk fan Hatterman: skilderijen dêr’t de blanke keunstneres foar ‘t meast swarte minsken út har neiste rûnte op portrettearre hat. Dat Hatterman spesifyk swarte persoanen yn de hjoeddeistige mienskip yn byld brocht, kaam ek út in werkenning wei, dy’t hja ûnderfûn tusken har ûngelikense posysje yn dy mienskip as frou en dy fan lju mei in kleur. Yn Nederlân, en letter yn Suriname, stried Hatterman tsjin rasisme en foar antykoloniale bewustwurding yn de keunst en dêrbûten.
Zwart, dy’t yn 2014 nei Kurasao reizge en in film makke dêr’t in Kurasaose man de haadrol yn spilet, stie by it redigearjen fan de film stil by de fraach wat hja no krekt dien hie. Minsken fregen it har. Kinne jo, as blanke frou, in swarte man tekenje, en it proses fan tekenjen – sûnder de man yn byld te bringen – filmje? De kamera fan Swart wie rjochte op harsels, swittend yn in himdsje yn de hoeke fan in lytse keamer. It wie krekt it konflikt dat ûntstie dat it hanneljen nijsgjirrich foar har makke: de ferhâlding fan harsels – jonger as no – ta de kontekst dêr’t hja yn ferkearde, de minsken dêr’t hja mei wurke en de relaasje tusken harren en it úteinlike wurk dat ûntstie, likegoed as it plak dêr’t dat keunstwurk him letter manifestearje kinne soe. Net allinnich sjoen te hawwen, mar yn werklikheid field te hawwen.
Kontekst is keppele oan konflikt, omdat we mar út in lyts ramt waarnimme (prate, tinke en fiele) kinne. Ik freegje my ôf oft dat nijsgjirrich is, of problematysk. Soe gjín konflikt foar frede soargje, of soe, sûnder konflikt, ús inerlike needsaak krekt sêft belúnje? De swierste lêst triuwt, mar leart ús tagelyk om yntins te libjen, sa’t Milan Kundera sa moai beskriuwt.[1] Sûnder swierte as tsjinkrêft stige wy op as in fearke: frij, mar sinleas. Sûnder konflikt soe de striidsin yn ús mooglik sakje, ús emoties delbêdzje, de wrâld barste. Ik fyn dat we konflikt net delbêdzje wolle moatte lykas it net mije te wollen, mar it oangean moatte. En dan op de goede wize oangean: it hoe fan it oangean fan konflikt sintralisearje. Mei ynteresse foar it oare bûten it eigene, hoe geane jo dêrmei om? It is foar my de wichtichste fraach dy’t mei it sjen fan Zwart har film bleatlein waard. Om skriuwer Bas Heijne oan te heljen: As jo beseffe dat objektiviteit net bestiet, en alles ôfhinklik is fan kontekst, hoe geane jo dan om mei subjektiviteit?[2]
Context Matters| Wannear’t we oanrekke wurde troch in ûnbekende (kontekst) oan ’e hân fan in ôfbylding, op sosjale media of yn de krante, kinne wy ússels lykas Heijne mei rjocht docht, de fraach stelle oft wy ússels no wier yn oanrekking fiele mei dy oare, wy der ússels troch belutsen begjinne te fielen. Betsjut it sjen fan oare(n) (konteksten) op byld, bygelyks as jo pine of fertriet sjogge op telefyzje, dat wy ússels dertroch yn ferfiering bringe litte kinne, wy út belutsenens begjinne te hanneljen? Heijne konstatearret pynlik mar wier, dat wy as minske yndied rydboskje kinne op en koart nei sa’n momint fan byld sjoen te hawwen, mar dat it gefoel net lang dêrnei wer fûl weistjert, wannear’t we [gewoan wer] ‘oan ’e boarrel’ geane. Hy ûnderfûn sels in mins-ta-mins oanrekking (bygelyks nei it sjen fan in foto yn ’e krante, en ek nei dizze tekst) by de moeting mei in âlde kunde yn Parys. Dy kunde wie wurkleas wurden, brocht de nachten troch by freonen, mar ek op strjitte. Oan de bar yn Parys stoarte de man yn. Heijne stie no each yn each mei de wrâld fan earmoed, dy’t foar him altiten fier fuort west hie.[3] In omgean mei subjektiviteit en de reeëns om yn dialooch mei it ûnbekende te stean, begjint benammen mei it te fielen, en dêr is moeting foar nedich, lykas troch Zwart geregeld mei Kurasao.
In Oar ta te litten troch ynterne grinzen mear iepen te setten (te fielen!)(taasten) begjint neffens my mei dy moeting oan dy bar, of wêr dan ek nei-oan-te-wêzen. David Bernstein stelt yn The Water Party foar dat wetter in magysk rêdmiddel foar ús wêze kinne soe, om moeting yn it publike domein – wat hjoed-de-dei dochs mear as ‘semypublyk’ trochgean kin – mei-inoar te realisearjen. Syn tekst[4] kin opfette wurde as politike oade: wy soenen publike drinkfonteinen op alle strjithoeken sette moatte út in kollektyf ferlangst wei nei waarme baaiplakken om yn gear te ranen, eat dat wy nei myn idee ferleard binne. Wy hawwe baaiplakken ferruile foar ús eigen badkeamers, krektlyk as dat al it publike ferruile is foar it partikuliere libben, earne oars. It gelikense domein, sûnder oar doel as dat gelikense, dat kleare gearwêzen, bestiet no winliken net. Hjir regulearjen grinzen net, mar fersteuren se. Se wurde ynfierd om It Eigene en In Oar (it Oare) faninoar te distansjearjen. We sille In Oar mear beneierje út eangst en útsluting wei, bang foar ús eigen identiteitsferlies. It is it mentale bouwen fan in grins om ús eigen tinken en fielen dat my fêstrinne lit yn de fraach hoe noch omgean te kinnen mei it oprekken fan ûnsichtbere grinzen: Hoe noch yn oprjochte dialogen te trêdzjen?
Doe’t ik okkerwyks besocht in tekst te skriuwen oer de artistike praktyk fan keunstneresse Laila Hida yn Marrakesh, besefte ik al gau dat ik nei Marokko ta moast. “[…] om jinsels te konfrontearjen mei jins eigen identiteit en jins eigen libbensgebiet en dat dêrnei op in oare wize besjen te kinnen. Wannear’t dyn blik op it frjemde rjochte is, op In Oar, dan komt de blik as fansels werom”, sa’t de tekst It is part XV of an esemble and this esemble is not necessarily ceremonial[5] fan keunstner Jochem van Laarhoven myn yntinsje om dy reis te maken skerp ûnder wurden bringt. Tagelyk wie myn yntinsje om it noch ûnbekende fiele te kinnen, al foárdat ik ôfsette, beheind. De net oer te brêgjen ôfstân dêr’t Van Laarhoven yn syn tekst op doelt kin oanrekke wurde út in besykjen wei om dy ôfstân (foar efkes) te neate te dwaan. Dat hie ik besocht te belibjen, mar it te neate dwaan kinnen fan de ûnsichtbere grins tusken It Eigene en In Oar (it oare), hat in limyt. Wy kinne fiele dat der grinzen binne, witte dat dy der ek wêze meie, en kinne dus mar ta in beskate mjitte fiele wat in oar fielt. Lykwols is de yntinsje om oer de eigen grins hinne te stigen út it besef wei dat it eigen perspektyf beheind is, ien fan de wichtichste betingsten om yn oprjochte dialogen trêdzje te kinnen, oandreaun út in wjersidige ynteresse wei foar en -yn inoar(s) kontekst).
Pleit foar subjektiviteit| Begjin desimber prate ik op Utert Sintraal ôf mei keunstner Bjørg-Linde Michaela yn ’e tarieding op myn reis nei Marokko, en stuite ik op deselde fraach. Ik hie har útnûge om te praten oer de noch ûnbekende kontekst, want ik hie gjin idee wêr’t ik hinne reizge. De foto’s op har Instagram toanden woestynbylden, huzen yn dy woestyn, strjitbylden en strjitfolk. De foto’s hienen opskuor feroarsake yn de tarieding fan in Rotterdamske keunsteksposysje, en wienen by einbeslút net toand. Se soenen oriïntaalsk wêze, not done. No wie de jonge op har foto’s Bjørg har eigen freon. Mocht de foto net toand wurde yn Nederlân, mar wol yn Marokko? Koe soks wol, net? Koe in byld toand wurden yn in kontekst dêr’t it net ‘folslein’ kend wurde soe, net op de wize hoe’t it yn ‘werkelikheid’ wie? En wie dat slim? Wie dat krekt net needsaaklik?
In oar foarbyld dat de problematyk fan it altyd yn kontekst bûne perspectyf foar my iepenleit, is de foarstelling Dear Winnie, spiIe troch njoggen swarte froulju mei Afrikaanske roots; dûnseressen, sjongeressen en aktrisen. Ik fyn it in bjusterbaarlike show oer identiteit, frou-wêze en rjochtfeardigens. Earst doe’t de froulju sels it beslút namen om fan it poadium ôf te gean doarst ik los te litten: ik hie mei spanning yn ’t liif sjoen. Salang, oantdat ik de oanspande spieren begûn te fielen. Ik wie op it puntsje fan ’e stoel sitten gien, prakkesearjend wat ik dêr no fan fine moatte soe, wylst dy fraach der eins net safolle ta die. Ik hie gjin miening, tocht ik doe. Ik seach. Mar letter, yn de gong fan de húskes, dêr’t in lange rige nei bûten ta protte, socht ik dochs op myn telefoan om lju mei deselde ûnderfining, dy’t ik noch net sels pleatst hie. Ik lies reviews online. Ik socht dreuteljend om begrypsfoarming. Linkerfoet, rjochterfoet, linkerfoet, de rige koarte yn. Ik socht fierder. Om tsjutting, werkenning, eat om myn ûnderfining oan toetse te kinnen. Mar wat ik lies joech my inkeld mear dat weeïge gefoel yn ’t ûnderliif: ferlet fan krekte tsjutting. Dat selde ferlet hie ik dêr yn ’e rige foar it húske, mei langstme nei it gefoel om myn ûnderfining pleatse te kinnen. Mar it feit bliuwt der: der binne ûntelbere wierheden dy’t troch subjekten belibbe wurde kinne. Moat in perspektyf allesomfiemjend wêze, en bestiet soks eins wol? Hoe ‘lêze’ wy eat, yn in oare kontekst as foar ús eigen?
It optreden fan de njoggen spilers soe net objektyf wêze. Mar it optreden wie in foarstelling, gjin dokumintêre. De foarstelling en krityk wie oars bedoeld. Dear Winnie wie der net om it ús nofliker te meitsjen of út ûnderskate posysjes wei in ôfwoegen posysje yn te nimmen. De foarstelling nimt in stânpunt yn út de ûnderfinings en ferhalen fan njoggen subjekten wei, en subjektiviteit is oprjocht net iensidich wier of net wier. Wy bliuwe subjektive waarnimmers dy’t inkeld harkje kinne nei de ratio efter ien syn gefoel troch dêrmei yn kontakt te kommen, bûten de feilige hub te treden. Dêr ûntstiet in wichtich konflikt. Dat konflikt, dat ik graach de striid om subjektiviteit neame wolle soe, moatte wy oangripe om te fielen dat ús eigen perseptyf net perfoarst objektyf, mar iensidich en beheind is as we it as ‘wier’ oannimmen tusken miljoenen oare wierheden.
Oankommen yn Marrakesh stie ik each yn each mei it wurk fan twa Belgyske keunstners. Ik draaide de holle skean en luts de wynbrauwen heech op. Yn in lûdsopname fan in petear tusken myn freon en my, letter op ’e jûn, hear ik yn myn eigen stim de ûnmacht om ta klearrichheid te kommen. Ik wie frustrearre, ík snapte it net en ík moast en ik soe it snappe oars koe ík der dochs neat oer skriuwe?! Tsjin it wurk oer fan de Belgyske keunstneresse yn keunstromte LE18 besefte ik de oare deis, midden yn de Medina dêr’t ik sa hope hie op it sjen fan ‘Marokkaanske keunstwurken’ – wylst it krekt dy problematyk wie dêr’t ik oer skriuwe woe – gelokkich wat ek myn grutte probleem wie. Hida learde my dat keunstners yn Marokko it gefoel hawwe kinne dat hja as tool, as ark, brûkt wurde, ynset foar in Europeeske, westerske presintaasje fan wat ‘Afrikaanske’ of ‘Arab’ keunst wêze soe mar it feitliken net alhiel is (it is produsearre foar in spesifyk publyk, beheard troch kurators dy’t in byld hawwe fan de oanbelangjende keunst, mar kultuer dêrmei yn in rjochtlinige framing set). In suvere dialooch yn ûnbekende konteksten begjint alderearst mei In Oar net te framen foar en yn tsjinst fan ús eigen identiteit. Kontekst is lykas sein keppele oan konflikt, omdat we mar út in lyts ramt sjen, tinke en fiele kinne. De dialooch mei Belgyske keunstners yn de Medina biedt nije perspektiven op in kontekst dy’t foar Hida eigen is. Troch kontekst te bieden en te iepenjen foar oaren, wurdt it perspektyf ferromme.
Beslút| As wy út de oertsjûging wei hannelje dat de wrâld út ferskate perspektiven wei begien wurde kin, is it net de eangst dy’t ús derfan tebekhâldt, mar it leauwen yn in ûnthjit dat ús ta aksje oanset, sa’t Ponte yn har wurkperioade ûndersiket. It oangripen fan ús diversiteit is in basis foar groei: earst yn dialooch mei itjinge dêr’t wy ús ta ferhâlde, kinne wy yn belutsenens hannelje, lykas de film fan Marieke Zwart my dy middei leart. It tinkend yntellekt as subjekt bliuwt dochs in libbend ding dat jimmeroan ferpakt is mei gefoelens, langstme, pine, hoop, leafde en fertriet. Wy kinne as subjekt net fan fiif wegen tagelyk sjen, en dat hoecht ek net. Wy kinne wol in oar foargean litte en der goed om tinke dat der gjin ûngemakken barre sille. Dêrfoar hoege we inkeld mar plak frij te meitsjen, sels in fersnelling tebek te dwaan. En somtiden kin der, mei stânfêste yntinsjes, ek in bewuste botsing ûntstean – sa’t we fan ’t jier it Nederlânske Paviljoen op de Biënnale fan Feneesje ôfsteane oan Estlân. Sa’n botsing kin inkeldris fuortkomme út de needsaak efkes botse te moatten, wannear’t der yn in kontekst no ienris skuort, sprongen, treaun en gniisd wurde moat. Net om it Eigene of in Oar (it Oare) te ferwûnjen, mar om beiden de eagen te iepenjen, en gâns eagen mei ús.
Dizze tekst waard yn opdracht fan Kunsthuis SYB troch Liza Voetman foar SYB Circles, oer it projekt dat Petra Ponte útfierde yn SYB yn novimber en desimber 2019, mei de titel Nola & Boni. De ôfbylding is makke troch Maarten van Maanen. De tekst is oerset yn it Frysk troch Eduard Knotter. Nola & Boni waard mooglik makke mei stipe fan it Mondriaan Fonds en it Bankgiroloterijfonds.
[1]
Kundera, 1983.
[2]
Heijne, 2019.
[3]
Idem.
[4]
Bernstein, 2019.
[5]
Deze tekst schreef Van Laarhoven tijdens zijn residentie i.s.m. Bas van den Hurk in het Luceberthuis, Bergen, 2020.