15 May o/m 28 June 2020
USITATISSIMUMISSITATISU
Laurent-David Garnier
De Frânske keunstner Laurent-David Garnier wurket mei stoffen dy’t ferdampe, dy’t flechtich en net taastber binne en makket dêr komposysjes mei dêr’t de besiker him yn bewege en ûnderdompelje kin. Mei it brûken fan rook yn dy skulptueren slacht er in brêge nei de klassike byldhoukeunst dy’t jo ommers ek op sintúchlike wize fernimme kinne.
USITATISSIMUMISSITATISU
Yn SYB sil Laurent-David him dwaande hâlde mei twa planten, en it materiaal dêr’t dy meastepart út besteane, selluloaze. De iene plant Boeddhas hand is in sitrusplant, dy’t net fan natuere foarkomt yn Nederlân, mar wol ymportearre wurdt. Boeddhas hand is gjin ytbere frucht, mar waard om syn foarm faak brûkt by boeddhistyske rituelen.
De oare plant is flaaks (Linum usitatissimum) dat him ûnderskiedt troch blauwe blommen en in lange stâle. Flaaks wurdt brûkt om de mearfâldige en duorsume fezel en is de grûnstof foar linnen. Dy medisinale plant wurdt ek yn de tradisjonele genêskunde brûkt. It brûken en ferwurkjen fan flaaks is ek fêst ferbûn mei it plattelân fan Noard-Europa.
Yn syn projekt yn SYB, mei de titel USITATISSIMUMISSITATISU (basearre op de latynske namme foar flaaks) wol Laurent-David Garnier teset mei de betsjutting fan dy planten, troch de eigenskippen fan selluloaze sjen te litten, en ek de fotoanyske struktuer dêrfan sichtber te meitsjen. Sa kin selluloaze út in beskate hoek trochsichtich wêze, en út in oare hoek net. Dêrtroch feroarje objekten út ferskillende ynfalshoeken wei fan kleur, in like ûngrypber en fergonklik effekt as rook.
Oer de keunstner
Garnier waard oplaat as skiekundige en parfumeur, wurke as senior parfumeur yn de parfumyndustry en folge dêrnei in master byldzjende keunst oan it Sandberg Instituut in Amsterdam. Sûnt rjochtet er him as parfumeur en as keunstner op it belibjen fan sintugen yn relaasje ta de byldzjende keunst, en benammen op it rûken. Syn wurk wie ûnder oare te sjen yn it Stedelijk Museum Amsterdam, Kunsthalle Bremerhaven (DE), Singapore Peninsular (SG), de Appel, Amsterdam en Ausstellungsraum Klingental, Basel (CH).
Laurent-David Garnier’s residinsje yn Keunsthûs SYB begjint út need yn syn eigen atelier. Fan 1 juny ôf is it foar him mooglik echt nei Beetstersweach ôf te setten, om de residinsje ôf te meitsjen.