4 February o/m 15 March 2020

Bel syn Stand-up comedy-club

Residency

Maarten Bel

Komedyklup SYB: tryouts op freed 28 febrewaris, 6 maart en 13 maart
Finale foarstelling: sneon 14 maart
Tiid: fanôf 7 p.m.
Tagong fergees

Lit it ús asjebleaft witte as jo it poadium wolle nimme!

Byldzjend keunstner Maarten Bel hâdt fan keunst mei humor. Hy brûkt it dan ek graach as middel yn syn wurk, dat fariearret fan foto’s, ynstallaasjes en performances oant edukative workshops en skulptueren. Dy binne allegearre op syn minst grappich, of somtiden absurd te neamen. Mar wat docht dy humor no krekt? En op hokfoar wize kin er it ynsette yn syn wurk?

By syn residinsje yn SYB wol er in djipgeand ûndersyk dwaan nei dat tema yn syn wurk,  mar wol er ek de mooglikheden fan stand-up comedy ferkenne. Yn dy residinsjeperioade bringt er dêrom syn eigen stand-up comedy-club ta libben, dy’t alle freedtejûns iepene is. Dêryn biedt er in poadium oan regionaal talint en wurket er oan in foarstelling dy’t útfierd wurde sil oan ’e ein fan syn ferbliuw op ’e Sweach. Syn proses is te folgjen op de iepeningstiden fan Keunsthûs SYB (sneon en snein tusken 13 en 17 oere) en fia in rige vlogs, dy’t er dielt op sosjale media.

Maarten Bel (1987, Dordrecht) is multydissiplinêr keunstner, festige te Rotterdam. Syn wurk bestiet (ûnder oare) út performances, tv-programs, boeken, tekenings, ynstallaasjes, tours, fideo’s, edukaasjeprojekten en eveneminten. Syn wurk wie ûnder oare te sjen yn Museum Boijmans Van Beuningen, TENT, en het Stedelijk Museum Amsterdam. Hy wurke ek oan projekten foar de NTR en Teaterfestival de Parade.