4 November o/m 19 December 2019
Petra Ponte – Nola & Boni
Residinsje & iepen hûs
Oant en mei 19 desimber is kurator Petra Ponte te gast yn Keunsthûs SYB. Yn SYB sil sy har troch argyfûndersyk en petearen ferdjipje yn keunstneressse Nola Hatterman (1899 – 1984) en frijheidsstrider Boni (sirka 1730 – 1793).
Petra Ponte har project Nola & Boni giet oer it wurk en libben fan keunstneresse Nola Hatterman (1899 – 1984) en yn ’t bysûnder de kaairol dy’t frijheidsstrider Boni (sirka 1730 – 1793) dêryn spile. Dêr fungearret it toanielstik De berte fan Boni as begjinpunt yn. Dat troch Eddy Bruma skreaune stik waard op 27 septimber 1952 yn Ljouwert opfierd ta gelegenheid fan de publikaasje fan it Suriname-nûmer fan it Fryske literêre tydskrift De Tsjerne. De repetysjes foar de teaterfoarstelling fûnen plak yn it hûs fan Nola Hatterman en hja makke it dekôr en de kostúms.
It hûs fan Nola Hatterman oan de Falckstraat (A’dam) foarme net allinnich de repetysjeromte foar De berte fan Boni, it wie geregeld in plak fan gearkommen. Op sokke mominten waard diskusjearre, poëzij foardroegen, nei muzyk harke, iten en dronken. Yn sa’n iepen sfear nûget Petra op inkelde middeis gasten út yn har tydlik hûs, Keunsthûs SYB, om it ûndersyk fierder yn petear útdije te litten.
Iepen hûs 17 novimber 2019
Op sneintemiddei 17 novimber binne publisist en ûndersiker Ellen de Vries en byldzjend keunstner Marieke Zwart te gast. Ellen de Vries docht al jierren ûndersyk nei it libben en wurk fan Nola Hatterman; sa publisearre hja de biografy Nola, portret van een eigenzinnig kunstenares en is hja inisjatyfnimmer fan it projekt De Nalatenschap van Nola Hatterman. Marieke Zwart is ynteressearre yn maatskiplike definysjes fan emansipaasje en ûnôfhinklikens, it Nederlânske koloniale ferline en persoanlike ferhalen. Yn 2015 makke Zwart in rige tekeningen dêr’t hja de relaasje tusken Nola Hatterman en it model op it skilderij Arbeider yn ûndersiket.
Petra Ponte (1986, Huis ter Heide) is freelance kurator, kultureel produsint en ûndersiker, wurkjend út Amsterdam wei. Se hat in BA yn Teaterwittenskip en in MA yn Keunstskiednis (Moderne en hjoeddeistige keunst) fan de Universiteit fan Amsterdam. Resinte projekten binne ûnder mear: Museum des Geldes, Musée des sacrifices. a gathering (Kunsthalle Düsseldorf, 2018), Tisna Tells… (Van Abbemuseum Deviant Practice, 2016/2017), A Rap on Race Revisited (das weisse Haus/Read My World: Black USA, 2016/2017).