Vytautas Kumža winner Sybren Hellinga Kunstpriis
Nieuws
Sjuery Sybren Hellinga Keunstpriis 2019
Suver wat drûchwei besiket Samuel Otte yn syn wurk de ôfstân oer te brêgjen tusken it direkte momint fan kontakt, yntuysje en yntimiteit, en it neibelibjen, it gefoel efterôf, en dêr romte iepen te brekken foar selsrefleksje. Samuel liket beskieden oanwêzich yn syn eigen wurk, mar ek ûnmisber. Samuel nimt jo mei yn syn ynfieren fernuvering oer de taneiering dy’t tusken him en syn tsjinspylster socht wurdt (en somtiden ôfbrutsen), en wurdt dêrmei in pars pro toto foar de sykjende minske (of man).
Natalia Papaeva har wurk rekket. De fideobylden slepe jo mei yn oangripende emblemen, en brekke makro- en mikroperspektiven iepen om ûntwoarteling, burgen-wêzen en ferlies dêrfan te belibjen. De sjuery ûnderskriuwt de urginsje fan it wêzen fan dy ferhalen en bewûnderet de wize wêrop’t Natalia harsels út it ûnderliif wei bleatjout.
Alina Lupu striidt yn har wurk foar in rjochtfeardiger wrâld. Sy ûndersiket konsekwint de wize wêrop’t betingsten steld wurde oan it dielnimmen oan de ekonomy, of hoe’t dy foarmjûn wurdt, en wa’t dêrmei yn- of útsletten wurdt, en dêr marginalisaasje mei riskearret. Ûnderwerpen fan grut belang foar de sizzenskip fan de wurker yn in tiid dat de direkte transaksje hieltyd tagonkliker mar ûngrypberder liket te wurden.
Caz Egelie syn wurk is in feest, in hjoeddeistige opgraving fan âlde en nije tradysjes. Syn wurk teart him iepen yn in ensenearring wêrby’t er him bewiist mei in grut each foar detail. It performative wurk foarmet it klopjende hert fan syn praktyk, mar de bylden en doeken dy’t it ramt foamje, lige der ek net om. Caz leit in filter, of helpt jo om it sa mar te sizzen, troch it ‘looking glass’ hinne, it museum yn.
WINNER:
Vytautas Kumža makket oansprekkende bylden, hy ûndersiket in struktuer fan lagen yn tekstueren, oerflakten en diminsjes. Mei de presintaasje yn SYB komme wurken byinoar dy’t boppe harren byldzjende kwaliteiten ek in ynteresse yn konstruksje en dekonstruksje toanen – sels yn letterlike sin, wêryn’t de stickers fan boubedriuwen, de losse arsjitecturale eleminten njonken de foto’s fragen oan ús stelle oer it plak fan it byld versus it bouwurk.