19 October o/m 3 November 2019
Sybren Hellinga Keunstpriis 2019
Groepstentoanstelling
19 oktober – 3 novimber yn Keunsthûs SYB (sneon en snein fan 13:00 – 17:00 oere)
Iepenjen: 19 oktober, 13:00 oere
Priisútrikken: 3 novimber om 15:00 oere
Op 19 oktober o.s. wurdt yn Keunsthûs SYB in groepstentoanstelling iepene mei wurk fan Caz Egelie, Vytautas Kumža, Alina Lupu, Samuel Otte en Natalia Papaeva: sy binne nominearre foar de Sybren Hellinga Keunstpriis, dy’t om ’e trije jier yn SYB útrikt wurdt oan in startende keunstner. Nei it iepenjen is it wurk fan de nominearren trije wykeinen lang te sjen yn SYB, op snein 3 novimber wurdt de tentoonstelling ôfsletten mei it bekendmeitsjen fan de winner.
Caz Egelie (1994) behelle yn 2018 syn Bachelor of Fine Art and Design oan de HKU, Utrecht. Syn wurk bestiet út skulptueren, performances en 3D-animaasjes, en wie ûnder oare te sjen by Moira (Utert), Arti et Armicitiae (Amsterdam), de Vishal (Haarlem), en yn Palais de Tokyo (Parys). Fan ’t simmer realisearre er performances op Welcome to the Village yn Ljouwert, mei VHDG en ek yn SYB lit er live performances sjen. Dêrnjonken toant er it fjouwerlûk I fell in love with a prop.
Fotograaf Vytautas Kumža (1992) studearre yn 2017 ôf oan de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam. Hy studearre ek oan de Koninklijke Academie van Beeldende Kunsten yn De Haach. Syn wurk wie de lêste jierren te sjen by Fondazione Fotografia Modena, de National Gallery yn Praach, Showroom MAMA, Rotterdam en op ûnderskate keunstbeurzen yn Nederlân. Yn SYB toant er de skulptueren We won’t fade into en Half empty half full.
Alina Lupu (1985) is post-konseptueel keunstner en skriuwster. Yn 2016 studearre hja ôf oan de Gerrit Rietveld Academie. Sûnt desimber 2018 hat hja it gelok om finansiere te wurden fia it Mondriaan Fonds. Dêrfoàr wiehja ôfwikseljend wurksum en ûnder kontrakt by Deliveroo, Helpling, Foodora, Uber, Hanze Groningen, Willem de Kooning Rotterdam, de Taart van m’n Tante en Poké Perfect Amsterdam. Har pensjoen sil by einsluten in bytsje mear as 2 euro yn ’e moanne bedrage. Yn SYB ûndersiket hje de lokale arbeidsomstannichheden, dy’t te sjen binne yn performances (alle wykeinen), en in ynstallaasje.
Samuel Otte (1980) studearre yn 2016 ôf oan de Koninklijke Academie voor de Beeldende Kunst yn De Haach mei in ynstallaasje en in boek, titele De Val; in simultaan ôfskiedswurk fan syn ferstoarne heit en syn grifformearre eftergrûn. It wurk wie te sjen yn it Rotterdamsk Fotomuseum as ien fan de nominearren fan it Steenbergen Stipendium. Yn SYB toant er syn wurk These are the agreements 2, it foarste part wie te sjen yn Prospects & Concepts op Art Rotterdam 2019.
Natalia Papaeva (1989) waard berne yn Orlik, in lyts doarp yn Buryatia, Sibearje. Sy ferfear nei Nederlân om te studearjen oan de Keninklike Akademy fan De Haach. Sy studearre yn 2018 ôf mei it fideowurk Yokhor, dêr’t hje sawol de ôfdielingspriis oan de Keninklike Akademy as de TENT Academy Award mei wûn. Yn SYB toant hja Yokhor en har nije wurk How are you?, oer feroaring, thúskommen en rouwe.
Oer de prijs
De Sybren Hellinga Keunstpriis bestiet út in jildpriis fan 3000 Euro. De priis wurdt om ’e trije jier útrikt, fan ’t jier foar de 8ste kear, en is ferneamd nei de galeryhâlder Sybren Hellinga (1926-2000). Hellinga dreau in ideële galery op Haadstrjitte 70, it hjoeddeistige Keunsthûs SYB. Nei syn ferstjerren liet Hellinga in pân en in beskieden fermogen nei oan de Sybren Hellinga Stichting. It pân moast in briedplak wurde dêr’t talint kompromisleas ta ûntjouwing komme koe.
De sjuery fan de Sybren Hellinga Keunstpriis 2019 bestiet út Peter van der Es (inisjator Unfair, Amsterdam), Nathalie Hartjes (direkteur MAMA, Rotterdam), Milena Naef (winner fan de 7de Sybren Hellinga Keunstpriis) en Louwrien Wijers (byldzjend keunstner). Op snein 3 novimber sille hja de winner bekend meitsje.
De Sybren Hellinga Keunstpriis wurdt mooglik makke troch de Sybren Hellinga Stichting, it Mondriaan Fonds, de Van Teyens Fundatie en de gemeente Opsterlân, en mediapartner BK-informatie.