14 o/m 15 September 2019
Jasper Coppes – An Unfinished Ode to Mud
Einpresintaasje
Jasper Coppes wurket sûnt augustus yn SYB. Út ’e Sweach wei docht er ûndersyk nei it lânskip yn Fryslân (benammen nei de Waadeilannen), en wurket er oan in film dy’t er opnaam yn Grienlân. Yn resint wurk hold Jasper him dwaande mei de prosessen dy’t it lânskip en kultureel erfgoed mar ek ús kollektyf ûnthâld foarmje. Beynfloedet de hieltyd trochgeande geologyske formaasje fan de ierde de wize wêrop’t wy deroer tinke? En oarsom: hokker ynfloed hat ús tinken op ús omjouwing? En hoe kin dy wikselwurking tusken geast en omjouwing yn kaart brocht wurde?
Jasper die al ûndersyk yn Grienlân en Skotlân, mar komt yn SYB werom nei syn ‘thúsbasis’ yn Nederlân om ek syn relaasje mei it lânskip hjirre te ûndersykjen. Hy rjochtet him benammen op it Waad en de eilannen, en wol witte hokfoar ynfloed oft de sâlt- en gaswinning hawwe op it sakjen fan de boaiem fan it Waadgebiet, hokfoar ynfloed oft de opkommende wettergrins en it ôfnimmende sedimint hawwe, mar ek wa’t ús yn dy problematyk bystean sil.
Einpresintaasje 14 en 15 septimber, 13:00 – 17:00 oere
Jasper Coppes presintearret de útkomsten fan syn ûndersyk An Unfinished Ode to Mud op 14 en 15 septimber yn Keunsthûs SYB. Op sneon 14 (Iepen Monumintedei) en snein 15 septimber toant er parten fan syn film, in lûdskomposysje dy’t earder te hearren wie op Into The Great Wide Open, en in stikmannich ôfprinte fideobyldsjes. Op snein 15 septimber organisearret er in sympoasium.
Sympoasium 15 septimber, 15:00 oere
Útgongspunt fan it sympoasium is de tekst fan Ursula K. Le Guin, ‘Don’t take me for granite’, dêr’t it lân in stim yn kriget – in idee dat ek nei foarren komt yn de presintaasje fan jurist Jan van de Venis. Van de Venis set him yn foar it mooglik oanwizen fan it Waad as rjochtspersoan: sa soe it gebiet sels partij wêze kinne yn juridyske skelen. Dêrnjonken fertoant Wim van Egmond ús bylden fan it Waad op it nivo fan de mikroben, en giet Jasper sels yn op syn ûndersyk, syn film, en it lânskip as libbene entiteit. Josje Hattink, fan SYB Circles, praat de middei oaninoar. Sy die yn SYB ek alris ûndersyk nei de geografyske en kulturele skiednis fan de feangebieten om Beetstersweach hinne yn har projekt Drach.
Jasper Coppes (1983, Amsterdam) wennet en wurket yn Amsterdam. Hy studearre oan de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam, foltôge yn 2014 syn Master oan de Glasgow School of Art, en wie twa jier residint oan de Jan van Eyck Academie. Syn wurk wie ûnder oaren te sjen by: Grazer Kunstverein, Oude Kerk Amsterdam, Galerie van Gelder en M HKA Antwerpen.
Oanfoljend:
It Waad as rjochtspersoan
Yn miljeurjochtssaken tsjin de oerheid wurdt hieltyd faker in berop dien op minskerjochten. En mei fertuten: de Nederlânske rjochter erkende yn de Urgenda-klimaatsaak (2015) dat der minskerjochten yn ’t spul binne by it beoardieljen fan de fraach oft de Steat foldwaande maatregels nimt tsjin klimaatferoaring. De folgjende stap om de basisbetingsten foar minsklik libbn op peil te hâlden is it takennen fan rjochten oan de natuer. Dy rjochten soenen wy dan bewekje moatte.[1] Dy oertsjûging foarmet de kearn fan de ‘rights of nature’-beweging, dy’t bepleitet dat ús ekosystemen – en de dêryn libjende bisten, planten en beammen – rjochten krije, krekt sa’t minsken en rjochtspersoanen dy hawwe.[2]
[1] https://www.trouw.nl/nieuws/de-waddenzee-heeft-ook-rechten-en-die-horen-in-de-grondwet-te-staan~b874d8b0/
[2] https://www.nrc.nl/nieuws/2019/08/31/brieven-a3971752