28 July 2019

Old House Noises (the Sleeper, the Dreamer and the Guard) – Ash Kilmartin

Presintaasje

Presintaasje: snein 28 july 2019, 15:00 oere

Keunstner Ash Kilmartin húsmannet sûnt 22 juny op ’e sweach. Yn har lêste wykein yn SYB dielt sy de útkomst fan de wurkperioade: in boek mei teksten en tekeningen oer klokkestuollen, midsieuske allegear, lûd en stim.
Op snein 28 july, tusken 15:00 en 18:00 oere binne besikers fan herten wolkom om dat boek te besjen. Der is ek in optreden fan it Groninger Vocal Exploration Choir.

Yn Fryslân die Kilmartin ûndersyk nei de frijsteande klokkestuollen, in ienfâldige iepen konstruksje yn it lânskip dy’t de swiere klok(ken) draacht dêr’t it lûd fan trochkringt oant yn de fierste úthoeken fan de gemeente. Sokke klokkestuollen komme in soad foar yn it Noarden fan Nederlân; op tsjerkhôven en neist stjerken op lytse doarpkes dêrt it gjin tsjerketoer lije koe, om de sinten of omdat de ûndergrûn sa sêft wie dat se rekken hâlde moasten mei fersakjen. It startpunt fan it ûndersyk fan Kilmartin is de Lyndenstein, de klok yn it klokkestuoltsje fan Huize Lyndenstein1 yn Beetstersweach.

Ash Kilmartin (1986) is berne yn Nij-Seelân en helle har BA yn Fine Arts oan Elam School of Fine Arts, The University of Auckland yn 2009. Fan 2015 oant 2017 studearre hja oan it Piet Zwart Instituut yn Rotterdam. Ash Kilmartin makket ynstallaasjes en performances en yn gearwurking mei oaren produsearret hja lûdswurken, radio-útstjoeringen en publikaasjes en wennet en wurket yn Rotterdam.

1) Lyndenstein, klok en klokkestoel te Beetstersweach
Kastiel Buitenplaats
Haadstrjitte 3
9244CL Beetstersweach (gemeente Opsterlân)
Fryslân
Boujier: 1822 (klok pleatst) 1977 (rest. klokkestoel)

Beskriuwing fan de Lyndenstein, klok en klokkestoel
[ûnderdiel 7]: KLOK en KLOKKESTOEL

Tusken it hûs en de lishal hinget in brûnzen klok yn in houten klokkestoel. De klok, dy’t yn 1822 troch Frans Godaert van Lynden pleatst waard, is getten by Van Bergen en Fremy te Midwolda (Grinslân). Op de klok stiet de namme fan de opdrachtjouwer, it famyljewapen fan Van Lynden en de nammen fan de makkers fan de klok, Andries H. van Bergen en Mammens Fremy. De klokkestoel, besteande út twa bysûnder opboude houten standers en in mei laaien dutsen sklylddakje mei pirons, is yn 1977 restaurearre troch Fokke Land. Wurdearring foar de klok en de klokkestoel binne fan belang: – út reden fan de âldens; – út reden fan de neitins oan de famylje Van Lynden; – as eksimpel fan in foar partikulieren getten klok; – út reden fan de fersoarge foarmjouwing fan it objekt.
Rijksmonument nummer: 527604
(bron: Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed (oerset))