3 May o/m 19 June 2019
Saken van Staet en Oorlogh
Residinsje Seán Hannan
Yn maaie en juny ferwolkommet Keunsthûs SYB de Nederlânsk-Ierske keunstner Seán Hannan. Yn Beetstersweach wol er him ferdjipje yn de kontroversjele 17de iuwske diplomaat, skiedskriuwer en publisist, Lieuwe van Aitzema, dy’t troch in protte historisy in spion en in lânferrieder neamd waard.
Oan ’e hân fan dy skiednis wol Hannan op ’en nij sjen nei aktuele fraachstikken oer it konflikt tusken steatsbelangen en yndividuele belangen, oer de rol fan de spion of kloklieder en oer de feroarjende wize dêr’t wy ynformaasje op ferspriede, diele en ta ús nimme. Yn de residinsje fan Seán is Keunsthûs SYB op de sneonen en de sneinen fan 13:00 – 17:00 oere iepen.
Oer Seán Hannan
It wurk fan Seán Hannan (1986) komt fuort út in net ophâldende nijsgjirrigens nei it ûnsichtbere en it heimsinnige. Op ’e siik nei útlekte dokuminten,tsûgenissen fan kloklieders en komplotteoryen, doarmet Sean Hannan om yn it domein fan kompjûterhackers, politike ynfluensers en opstokelers. De dokumenten dy’t er fynt, tsjinje as boarne foar projekten dêr’t Hannan yn ferkent hoe’t alternative, spekulative ynformaasjeboarnen, lykas nepnijs en amateursjoernalistyk, ús emosjonele tastân beynfloedzje. Syn wurk omearmet de einleaze, net heldere stream oan ynformaasje op it ynternet yn alle kompleksiteit en tizerij en skept dêrtroch in wrâld dêr’t wierheid en fiksje net langer in minne ferhâlding mei-inoar hawwe en dêr’t twivel it altyd wint fan wissichheid.
Saken van Staet en Oorlogh
Yn Keunsthûs SYB sjocht Hannan op ’en nij nei aktuele fraachstikken oer it konflikt tusken steatsbelangen en yndividuele belangen, oer de rol fan de spion of kloklieder en oer de feroarjende wize wêrop’t wy ynformaasje ferspriede, dielen en ta ús nimme. Hy docht soks oan ’e hân fan de boeken en dokuminten fan en oer de kontroversjele Fryske diplomaat, skiednisskriuwer en publisist, Lieuwe van Aitzema (Dokkum, 1600 – De Haach, 1669). Yn ’e eagen fan in protte historisy is Van Aitzema in spion en in lânferrieder. Yn ’e eagen fan oaren is er krekt in fûleindich ferdigener fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.
Feit is dat Van Aitzema yn ’e tiid fan de Earste en de Twadde Ingelske oarloch gefoelige steatsdokuminten trochspile oan Oliver Cromwell en dêrmei Ingelân in strategyske foarsprong joech op syn heitelân. It wie eins benammen de persoan fan Van Aitzema sels dy’t oanlieding joech ta de twaspjalt ûnder historisy. As libertyn pleite er nammentlik foar absolute yndividuele frijheid, wylst er yn syn boek Saken van Staet en Oorlogh (1669-1672) krekt it belang fan de Republyk boppe it belang fan it persoanlike stelde. Van Aitzema is dêrmei de ferpersoanliking fan de friksje dy’t tekenjend is foar ús tiid wêryn’t we de oerheid freegje om ús te ferdigenjen en te beskermjen, mar net ree binne om dêr ús persoanlike frijheid foar yn te leverjen.
Keunsthûs SYB
Keunsthûs SYB bestiet út in tentoanstellingsromte mei wenhûs yn it Fryske doarp Beetstersweach, en is in iepen, gastfrij wen- en wurkplak yn ’e lijte fan de keunstwrâld, dêr’t eksperimint, ûndersyk en gearwurking sintraal steane. Keunsthûs SYB hat as doelstelling om de artistike en profesjonele ûntjouwing fan sawol keunstners as programmamakkers en skriuwers te fasilitearjen en te stimulearjen.
Saken van Staet en Oorlogh wurdt mei mooglik makke troch finansjele stipe fan it Mondriaan Fonds, de gemeente Opsterlân, Provinsje Fryslân en it Willem en Roos Derks Fonds (Prins Bernhard Cultuur Fonds).