11 March 2019

Wurk Jort van der Laan ûntwikkele by SYB, oankocht troch Stedelijk Museum Amsterdam

Nieuws

image: Jort van der Laan, Neither of Us is Powerless, 2018, video, 8-minute loop, courtesy the artist

Ein febrewaris makke Stedelijk Museum Amsterdam bekend inkelde keunstwurken oankocht te hawwen fan acht byldzjend keunstners, fan wa’t wurk te sjen is yn de tentoanstelling Freedom of Movement. Ek it fideowurk Neither of Us is Powerless fan Jort van der Laan hearde ta dy oankeapen, en Keunsthûs SYB is der grutsk op bydroegen te hawwen oan de produksjefaze fan dat keunstwurk. Freedom of Movement is allinnich dizze wike (oant en mei 17 maart) noch te sjen yn it Stedelijk Museum.

A Piece of Blue Velvet Hanging
Jort van der Laan ûntwikkele it fideowurk Neither of Us is Powerless yn in residinsjeperioade by Keunsthûs SYB en toande it yn de dêropfolgjende tentoanstelling A Piece of Blue Velvet Hanging yn oktober 2018. De residinsje hie plak yn it ramt fan in twadielige útwiksel fan Ben Cain en Jort van der Laan tusken Keunsthûs SYB en King’s College Centre for Philosophy and Visual Arts. Celine Mathieu skreau in skôgjende tekst oer dy residinsje en tentoanstelling.

Gemeentlike Keunstoankeapen 2019
It Stedelijk Museum organisearret alle twa jierren in tentoanstelling om de Gemeentlike Keunstoankeapen hinne. Dêr wurdt nij of resint wurk yn toand fan yn Nederlân wenjende keunstners. Njonken it wurk fan Jort van der Laan kocht it museum fan ’t jier ek wurken fan Yael Bartana, Verena Blok, Kate Cooper, Danielle Dean, Deniz Eroglu, Basir Mahmood en Michele Rizzo.

Keunsthûs SYB
Keunsthûs SYB bestiet út in tentoanstellingsromte mei wenhûs yn it Fryske doarp Beetstersweach en is in iepen, gastfrij wen- en wurkplak yn ’e lijte fan de keunstwrâld, dêr’t eksperimint, ûndersyk en gearwurking sintraal stean. Keunsthûs SYB hat as doelstelling de artistike en profesjonele ûntwikkeling fan sawol keunstners as program-makkers en skriuwers te fasilitearjen en te stimulearjen.
It program fan Keunsthûs SYB wurdt stipe troch it Mondriaan Fonds.